Pinksterfeest Feankleaster digitaal
Resint ferskynd
It jierlikse pinksterfeest fan Feankleaster kin fan ’t jier wer net massaal yn de iepen loft fierd wurde en sil dêrom fia RTV NOF (www.rtvnof.nl/pinksterfeest en Kabelnoord tv-kanaal 20) en de Facebookpagina fan Pinksterfeest Feakleaster te folgjen wêze. De tsjinst begjint om 10.00 oere. Foargonger is ds. Kees Postma. De muziek wurdt makke troch Sera Noa en Zandprinses Rosa van der Vijver. Oan de bern wurdt omtinken jûn troch Hendrika van Delden.
It tema is dit jier ‘Hâld fêst’. Kommende woansdei wurdt yn de regio hûs-oan-hûs in kaart rûnbrocht mei opdrachten om dy yn it ramt fan de fiering út te fieren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje