Pier Bergsma: Mear Frysk yn it swimbad

maaie 20, 2021 19:19

Foto: Unsplash

“Wêrom soest eins Frysk lêzen leare ast it net hoechst te lêzen?” Dat freget Pier Bergsma, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, retoarysk yn in útstjoering fan Omrop Fryslân. Hy wiist derop dat in protte organisaasjes yn Fryslân noch net Frysk skriuwe. As foarbyld neamt er it swimbad De Wetterstins yn Burgum: it personiel praat dêr gewoan Frysk, mar de opskriften yn en om it gebou binne foar it meast allinne yn it Hollânsk.

Bergsma wie te gast by Harm Weistra om te fertellen oer de plom dy’t de Ried fan de Fryske Beweging de gemeente Achtkarspelen jûn hat. Dy docht syn bêst om it Frysk safolle mooglik te brûken. Bergsma is ek goed te sprekken oer de trijetaligens (Frysk-Hollânsk-Biltsk) yn de gemeente Waadhoeke. Omrop Fryslân kriget ek in komplimint foar de Frysktaligens.

In soad gemeenten kinne neffens Bergsma lykwols noch wol mear oan it Frysk dwaan. “Wy fine dat de gemeenten in goed foarbyld jaan moatte”, seit Bergsma. Hy wiist derop dat dat helpt om it Frysk sichtberder te meitsjen.

It petear mei Pier Bergsma is by Omrop Fryslân te beharkjen (tusken 16.00-17.00 oere, it begjint op 49:34).

maaie 20, 2021 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.