Oprop FERSpraat

maaie 10, 2021 08:14

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, siket twa minsken om mei him ien kear yn de moanne in gedicht te lêzen en it der koart oer te hawwen. Dat kin sawol in Nederlânsktalich as in Frysktalich gedicht wêze. De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers. Sprekt it dy oan, of miskien wol krekt net mar fynst wol de taal moai of foar itselde jild hast op alle fronten neat mei it gedicht. Alles kin, alles jout stof ta FERSpraat!

Geart Tigchelaar (foto: Ydwine Scarse)

De petearen wurde alle moannen op woansdeitemiddei yn Streekargyf Noardeast-Fryslân yn Dokkum (Brokmui 62) om 16.00 oere troch Tigchelaar sels opnommen. Se wurde útstjoerd troch streekomrop RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow en sille sa’n 10 minuten lang wêze.

Wa’t graach gedichten lêze mei en it aardich fynt om it deroer te hawwen, kin mei Geart Tigchelaar kontakt opnimme. Opjaan kin oant 20 maaie. Frijbliuwend om mear ynformaasje freegje kin ek. Tigchelaar syn mailadres is: gearttigchel@hotmail.com.

maaie 10, 2021 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.