Opnij oanjefte tsjin heit Ruinerwold

maaie 3, 2021 16:38

It Iepenbier Ministearje ûndersiket in nije oanjefte tsjin Gerrit Jan van D., de heit fan de húshâlding dy’t jierrenlang yn ôfsûndering libbe yn Ruinerwold.

Foto: pixabay.com

It giet om in oanjefte fan seksueel grinskrusend hâlden en dragen, seit in wurdfierder fan it Iepenbier Ministearje East-Nederlân tsjin RTV Drinte. Boarnen berjochtsje dat de oanjouwer ien fan de âldste bern fan de húshâlding is en it slachoffer in jonger suske dat oant koartlyn noch by Van D. wenne. It Iepenbier Ministearje wol dat net befêstigje om’t it om in sedesaak giet.

De rjochtbank yn Assen staakte begjin maart de saak tsjin Van D. (68), dy’t fertocht waard fan frijheidsberôving fan syn bern en it seksueel misbrûken fan twa fan harren. Neffens de rjochtbank wie er net by steat om berjochte te wurden, mei’t er yn 2016 op de pleats yn Ruinerwold in beroerte hân hat.

Lês ek dit berjocht fan 15 april ll.

maaie 3, 2021 16:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.