Online Startersgearkomste Fryslân op 7 juny

maaie 6, 2021 08:41

Digitale gearkomste oer suksesfol starten of groeien yn krisistiid

Op moandei 7 juny 2021 organisearje de mienskiplike Fryske Rabobanken en de gemeenten Súdwest-Fryslân, It Hearrenfean, Smellingerlân en Ljouwert in online Startersgearkomste Fryslân. In fergees, ynteraktyf evenemint dêr’t kennis en ynspiraasje oer it ûndernimmerskip yn opdien wurde kin.

Foto: Businessevenementen.com/Mark Feenstra Fotografie

Foar wa?
It evenemint is ornearre foar elkenien yn regio Fryslân dy’t deroer neitinkt om in eigen bedriuw te starten, krekt begûn is of al in skoftke ûndernimt en fierder groeie wol. It hiele programma is derop ynrjochte om op in ynteraktive wize safolle mooglik kennis en ynspiraasje op te dwaan, mei in fariearre programma.

Programma
It programma bestiet út in rûnetafelpetear dêr’t ferskate eksperts en ûndernimmers út ûnderskate sektoaren yn mei-inoar yn petear geane oer hoe’t men yn de hjoeddeiske koroanatiid dochs in suksesfolle ûndernimming opbouwe kin. Dêrnei sil sprekker Friso Visser syn ynspirearjende ûndernimmersferhaal diele en wurdt de jûn ôfsletten mei ferskate nijsgjirrige webinars oer ferskate ûnderwerpen, lykas it bepalen fan jins oeretaryf, online marketing en regelingen en subsydzjes foar starters.

Sprekker Friso Visser
Friso is de oprjochter fan Brain Fuel, in kreatyf bedriuw dat brainstoarms en ynnovaasjesesjes organisearret foar partijen as Disney oant Amnesty en fan Ali B oant de plysje. Syn ûndernimmersferhaal begûn mei it jaan fan in presintaasje oer syn nije brainstoarmmanier oan Harvard en MIT.

Oanmelde
It programma is fergees om oan mei te dwaan. Oanmelde kin fia www.startersdagen.com/startersbijeenkomstfriesland. Dêr is ek mear ynformaasje oer it programma te finen en in oersjoch fan alle dielnimmende kennispartners.

maaie 6, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.