Omrop Fryslân yntinsivearret gearwurking mei lokale omroppen

maaie 1, 2021 08:51 Fernijd

Omrop Fryslân en de lokale omrop LEO Middelsé yn de gemeente Ljouwert sille yntinsyf mei inoar gearwurkje. Fan 1 maaie ôf wurdt de redaksje fan LEO Middelsé fersterke mei twa fulltime sjoernalisten. Sy binne oannommen yn it ramt fan it lanlike projekt ‘Versterking Lokale Journalistiek’ fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. In gearwurkingsferbân fan de lokale, regionale en lanlike publike omrop. De redaksje fan RTV NOF, de streekomrop foar de regio Noardeast Fryslân, wurdt ek mei in ekstra sjoernalist útwreide.

Boarne: Omrop Fryslân

Minister Slob hat 4,5 miljoen beskikber steld foar de fersterking fan de lokale en regionale sjoernalistyk. Yn it ramt fan it projekt binne lanlik mear as 60 sjoernalisten oannommen en by lokale en regionale omroppen stasjonearre. “Goede lokale en regionale journalistiek is essentieel voor een goede democratie en een goede lokale informatievoorziening. Samenwerken versterkt dit. Ik ben dan ook blij dat deze partijen samen de schouders zetten onder deze belangrijke opgave”, sa sei de minister earder by de presintaasje fan de plannen.

Foarbyldprojekt, RTV NOF
Sûnt oktober ferline jier is der al in yntinsive gearwurking tusken de redaksjes fan RTV NOF en Omrop Fryslân. De sjoernalisten op de redaksje fan RTV NOF yn De Westereen meitsje bydragen foar de eigen omrop en foar Omrop Fryslân. Ynsidinteel wurde ek reportaazjes levere oan de NOS. De streekomrop kin ek gebrûk meitsje fan de ynhâld dy’t troch Omrop Fryslân makke wurdt. De gearwurking tusken de beide omroppen is in sukses en wurdt lanlik sjoen as in foarbyldprojekt. It tal online besikers by RTV NOF is sûnt de start mear as ferdûbele.

Foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF: “RTV NOF hat ynset op in slachfeardige en profesjonele nijsredaksje yn it noardeasten fan Fryslân, stipe troch frijwilligers. Op dat mêd binne al grutte stappen set en dizze fierdere útwreiding slút dêr perfekt op oan. Boppedat ûnderstreket it de noflike en yntinsive gearwurking tusken RTV NOF en Omrop Fryslân.”

Utwreiding LEO Middelsé
De gearwurking wurdt no útwreide mei LEO Middelsé. Foarsitter Wopke Bijlsma fan LEO Middelsé is ynnommen mei de gearwurking mei Omrop Fryslân en RTV NOF: “Dit betekent voor LEO Middelsé dat, met de komst van twee professionele journalisten, er een behoorlijke kwaliteitsslag gemaakt kan worden op het gebied van de lokale nieuwsvoorziening.”

Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân is wiis mei de gearwurking mei de lokale omroppen en hopet dat dy op termyn ek mei oare lokale omroppen yn Fryslân útwreide wurdt.

maaie 1, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wim maaie 1, 13:22

    “Ynsidinteel wurde ek reportaazjes levere oan de NOS” it foel my al op dat ik faker it logo fan de Omrop seach op NOS, en ek noch gewoan yn it Frysk, sa heart it!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.