Oanpaste gearkomste by de Upstalbeam mei de Pinksterdagen
Resint ferskynd
By de jierlikse Ynterfryske moeting by de Upstalbeam by Rahe wurdt it tiidrek fan de Fryske frijheid betocht. It Friesisches Forum nûget Friezen mei de Pinksterdagen út foar in gearkomste by de Upstalbeam. Dit jier is der fanwege de koroanagoarre in gearkomste yn oanpaste foarm, ferdield oer twa dagen.
De gearkomste, dy’t no foar de santjinde kear holden wurdt, is in oantinken oan de moetingen fan eartiids fan de fertsjintwurdigers fan de sân Fryske seelannen, de frije Fryske plattelânsmienskippen, dy’t yn de midsiuwen ien kear jiers byinoar kamen om rjocht te sprekken en mienskiplike kwestjes te bepraten. Dat bart normaalwei op de tiisdei nei de Pinksterdagen.
By it betinkingsevenemint wurdt ek omtinken jûn oan de tradysje fan de Fryske frijheid foar hjoeddedei. Fanwege de pandemy wurdt de gearkomste dit jier yn in oanpaste foarm holden. De rie fan bestjoer fan it Friesisches Forum sil op Pinkstersnein en -moandei fan 14.00 oant 18.00 oere by de Upstalbeam oanwêzich wêze en in lytse enkête ûnder de besikers hâlde.
It enkêteformulier is taheakke oan dit berjocht en kin yn it foar útprinte wurde. It bestjoer hat ek fragelisten by him. Besikers wurde frege om har oan de hjoeddeiske koroanamaatregels te hâlden.
Taheakke: Frageformulier Upstalbeamgearkomste 2021
Lês ek ús berjochten oer eardere edysjes fan de Upstalbeammoeting.
Besjoch de film dy’t ferline jier makke is:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje