Noed yn Feriene Keninkryk om Yndiaaske fariant

maaie 13, 2021 09:10

De koroanamaatregels yn it Feriene Keninkryk moatte faaks stadiger ôfboud wurde, fanwege noed om de fersprieding fan de Yndiaaske koroanamutaasje. Dat seit in lid fan de Britske wittenskiplike advyskommisje Sage, te ferlykjen mei it OMT yn Nederlân, tsjin iNews.

Foto: pixabay.com

De Yndiaaske fariant is mooglik besmetliker as de Britske fariant dy’t no dominant is. De fersprieding derfan yn it Feriene Keninkryk is de ôfrûne wike fertrijefâldige neffens de wike derfoar.

Neffens it Britske iepeningsplan kinne op 21 juny alle koroanabeheiningen opheft wurde, mei’t op dat stuit genôch Britten folslein faksinearre wêze sille. De Sage-wittenskipper is bang dat dy datum mooglik te betiid komt. Letter tongersdei komt de advysgroep gear yn mei haast organisearre sitting oer de Yndiaaske fariant.

maaie 13, 2021 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.