Nije twatalige kombuorden yn Drinte

maaie 16, 2021 20:02
Foto: Huus van de Taol

De provinsje Drinte is wakker warber op it stik fan de eigen, Nedersaksyske streektaal. It doarp Hesseln (Hollânsk: Oosterhesselen) hat ôfrûne wike twatalige kombuorden krigen. Woansdei ûntbleaten fertsjintwurdigers fan de gemeente Coevorden en pleatslik belang it earste nije boerd. De nije buorden binne betelle út it eigen budzjet fan doarpsbelang.

It Nedersaksysk, dêr’t it Drintsk by heart, is yn Nederlân en Dútslân as streektaal erkend. Ferskate Drintske plakken hawwe de ôfrûne tiid de oarspronklike namme op ‘e buorden set.

maaie 16, 2021 20:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.