Nij Skotsk regear wol ôfskieding fan it Feriene Keninkryk

maaie 9, 2021 19:30

De Skotten meie binnen twa jier op ’e nij stimme oer ôfskieding fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittannië en Noard-Ierlân. Nei de ferkiezings fan dizze wike hawwe de partijen dy’t foarstanner binne fan in ûnôfhinklik Skotlân in mearderheid yn it parlemint.

De Skotsk-nasjonale SNP fan premier Nicola Sturgeon hat op ien sit nei in mearderheid yn it parlemint. De partij kriget stipe fan de Scottish Green Party, dy’t ek foar in ûnôfhinklik Skotlân is.

Yn Londen binne se wat kjel wurden fan de grutte oerwinning fan de pro-ôfskiedingspartijen. Premier Boris Johnson hat syn kollega’s út Skotlân, Wales en Noard-Ierlân útnûge foar in ‘krisispetear’ oer de ienheid fan it Feriene Keninkryk. Johnson hie earder te witten dien dat er in mooglik Skotsk referindum oer ôfskieding tsjinhâlde soe. De Britske minister Michael Gove sei hjoed dat de Skotten mei harren rop om ûnôfhinklikens it bestriden fan de koroanakrisis yn it paad stiet.

Frou Sturgeon hat sein dat se net akseptearje sil dat Londen “de wil fan it Skotske folk skouderet”. Byneed stapt se nei de rjochter om in referindum ôf te twingen, sa sei hja.

Yn 2014 wie der ek in referindum oer ôfskieding fan Skotlân. Doe stimde 45 persint fan de Skotten dêrfoar. Omdat it Feriene Keninkryk tsjin it sin fan de measte Skotten út de Europeeske Uny stapt is, is de ferwachting dat dat persintaazje no heger útfalt.

maaie 9, 2021 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.