Nij diel Fryske natoergidsen oer beammen

maaie 28, 2021 08:29 Fernijd

Boarne: Utjouwerij Wijdemeer

Hjoed, freed 28 maaie, ferskynt it fiifde diel yn de rige Fryske natoergidsen fan Sake P. Roodbergen, it diel oer beammen. It doel fan dizze rige is it op in hânsume manier beskikber meitsjen fan aktuele kennis fan de natoer yn Fryslân en it bydragen oan it brûken en fêstlizzen fan de Fryske soartnammen.

De gids bestiet út in yngeande beskriuwing fan de 70 meast foarkommende beammen yn Fryslân en fierder in wiidweidige ynlieding, in register en literatuerlist. As ekstra is in katern mei de tsien moaiste beammen fan Fryslân opnommen mei in QR-koade derby om se maklik fine te kinnen.

Sake P. Roodbergen | Fryske Natoergids Beammen | 224 siden | priis € 12,50 | ISBN 978 949 2052 742

maaie 28, 2021 08:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.