Nicolette van Dam en Bas Smit op reis troch Fryslân

maaie 24, 2021 09:13

As ûnderdiel fan it reisboek Nederlân heeft Alles brochten BN’ers Nicolette van Dam en Bas Smit op freed 21 en sneon 22 maaie 2021 in besite oan Fryslân. Merk Fryslân is ien fan de partners fan it inisjatyf fan it span en holp by it gearstallen fan in mearsidich programma. Dêrmei hawwe se yn mar twa dagen in protte bysûndere en moaie plakken yn Fryslân besite.

© Visit Friesland

Nederlân hat alles
Mei Nederland heeft Alles namen Bas en Nicolette harren folgers mei op reis troch it ferrassende Nederlân en litte se sjen dat ús lân in prachtige fakânsjebestimming is. Fia it Instagram-akkount @Nederlandheeftalles (goed 86.000 folgers) en de persoanlike sosjalemediakanalen fan @Nicolettevandam1 (960.000 folgers) en @Bassmit (861.000 folgers) wiene harren ûnderfiningen de ôfrûne perioade te folgjen. Ofrûne wykein wie Fryslân oan bar. Nicolette en Bas sjogge beide entûsjast op harre besite werom. “Wat is Fryslân in hearlike provinsje. Mei syn idyllyske plakjes en prachtich moaie natuer. Wy komme gau werom!”, lit Nicolette fia Instagram witte.

Mearsidige besite oan Fryslân
By de trip is de mearsidigens fan Fryslân te sjen, op it mêd fan: kultuer, natuer en duorsumens. Bas en Nicolette starten harren programma yn Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De reis bestie út hichtepunten as abseilen fan de Boskberchtoer yn de bosk, waadrinne yn it wûndere Waadlânskip by Wierum, bôle bakke by frou De Molenaar yn Wytmarsum, it besichtigjen fan de fonteinen yn Drylts en Harns en it ûntdekken fan Ljouwert. Tuskentroch geniete it span fan Frysk lekker guod fan ferskate lokale ûndernimmers. Se kamen ek yn ’e kunde mei de Fryske taal.

© Visit Friesland

Fakânsjeboek
No’t de ûntdekkingsreis troch eigen lân hast ta in ein kommen is, wurde de moaie unike plakken yn in fakânsjeboek bondele. De ynhâld fan it boek is foarme oan ’e hân fan harren ûnderfiningen, mei help fan tips fan folgers en de ynbring fan NBTC en syn partners lykas Merk Fryslân. It boek sil mei de start fan de simmerfakânsje, yn july 2021, útbrocht wurde.

Oer Merk Fryslân
Ut in oerkoepeljende fyzje wei jout Merk Fryslân, yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, ynfolling oan de marketing en promoasje foar Fryslân en de Waadeilannen.

maaie 24, 2021 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.