Nederlân stjoert helpmiddels nei Suriname

maaie 30, 2021 08:51 Fernijd

Nederlân stjoert binnen inkelde dagen medyske helpmiddels lykas soerstof nei Suriname. Neffens demisjonêr minister De Jonge bart dat fanwege de skrinende koroanasituaasje yn it lân. Der giet ek medysk personiel út Nederlân hinne.

Foto: pixabay.com

Fanwege it hege tal koroanapasjinten yn ’e sikehuzen, skaalde it Surinaamske regear freedtejûn op nei it heechste risikonivo, koade pears. De sikehuzen kampe ûnder mear mei in brekme oan soerstof foar koroanapasjinten en it regear sei net mear foar de folkssûnens ynstean te kinnen.

Presidint Santokhi sei op in ynlaske parsekonfersinsje dat faaks snein út buorlân Frânsk Guyana ekstra soerstof levere wurdt. Hy melde ek al dat takom wike út Nederlân helpmiddels komme sille.

De helpmiddels bestean ûnder mear út soerstofkonteners, skriuwt minister De Jonge. Dy konteners wurde mei help fan definsje sa gau mooglik nei Suriname brocht. Neffens De Jonge leit help út Nederlân foar de hân “sjoen de bysûndere relaasje mei Suriname en de nauwe besibbens tusken de mienskippen.”

maaie 30, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.