Minyhelikopter Ingenuity makket dochs fjirde flecht nei ynearsten mislearre start

maaie 1, 2021 09:31

De minyhelikopter Ingenuity is freed dochs opstiigd op Mars en hat mei sukses syn fjirde flecht makke. Dy gie flugger en fierder as de kearen derfoar. Tongersdei gie der wat mis by de start en bleau it tastel oan ’e grûn. De yngenieurs fan NASA koene it probleem werom út eardere testen. In dei letter slagge it opstigen wol.

De 1,8 kilo swiere helikopter Ingenuity hie as opdracht om 133 meter yn súdlike rjochting te fleanen en ûnder mear foto’s fan in mooglik nij lâningsplak te meitsjen. Dat plak wurdt de einbestimming fan de folgjende fleantocht op de reade planeet, dêr’t de luchtdruk deun boppe it oerflak al tige leech is.

De misje fan Ingenuity wurdt mei nochris tritich dagen ferlinge. De mooglikheid bestiet dat de fleantochtsjes noch langer trochgean. Foar de Mars-wjukkelmasine, dy’t oan board wie fan it NASA-weintsje Perseverance, binne de omstannichheden op Mars ekstreem. De atmosfear is tige yl, de sinne-enerzjy is lyts en temperatueren binne nachts tige leech.

Besjoch in filmke fan NASA fan de fjirde flecht:

maaie 1, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.