Miljoen winne yn faksinaasjelotterij

maaie 28, 2021 09:17

De 22-jierrige Abbigail Bugenske út de Amerikaanske stêd Ohio hat mar leafst ien miljoen dollar wûn, nei’t se har tsjin koroana faksinearje liet. Bugenske is de earste winner fan de Vax-a-Million-lotterij. De kommende fjouwer wike kriget hieltyd ien ynwenner fan Ohio dy’t him of har ynintsje lit in miljoen dollar.

Foto: morguefile.com

Dêrneist ferlottet Ohio stúdzjebeurzen foar 12- oant 17-jierrigen. De earste winner dêrfan is de 14-jierrige Joseph Costello. Syn mem Colleen: “Lokkich wie der in bankje tichtby, want ik moast efkes sitte.” Guon steaten yn de Feriene Steaten hawwe te krijen mei in lege faksinaasjereeëns. Dêrom hawwe se lotterijen organisearre, dêr’t se mei hoopje twivelders oer de streek te lûken.

Njonken Ohio binne der ferlykbere inisjativen yn Kolorado, Maryland, New York en Oregon. Kalifornië stekt mei yn totaal 116,5 miljoen dollar it measte jild yn de faksinaasjekampanje, sa waard hjoed buorkundich makke. Tsien winners krije oardel miljoen dollar. Dêrnjonken krije tritich minsken 50.000 dollar en twa miljoen minsken in kadobon fan fyftich dollar. It pripaas liket te wurkjen. Yn Ohio melden har sûnt 12 maaie, doe’t de gûverneur de lotterij oankundige, 2,7 miljoen minsken oan foar in faksinaasje. Sa’n 45 persint fan de minsken yn Ohio boppe de tolve jier hat no in earste prip hân.

Yn guon steaten krije minsken oare lokkerkes as se har ynintsje litte. Yn Washington en New Jersey bygelyks krije minsken in pilske. Yn West Virginia krije jongelju oant 35 jier in bedrach fan hûndert dollar.

maaie 28, 2021 09:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb maaie 28, 12:58

    Pripaas, moai wurd!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.