Mienskiplik foarstel boere-, natuer- en ûndernimmersorganisaasjes om út stikstofympasse te kommen

maaie 27, 2021 08:38

Om út de stikstofympasse te kommen hawwe Natuermonuminten, Natuer & Miljeu, LTO Nederlân, VNO-NCW, MKB-Nederlân en Bouwend Nederlân ôfrûne moannen de hannen gearslein. Mei-inoar dogge hja in foarstel foar in oanpak dy’t de fermindering fan de útstjit fan stikstof fiks hurder ferrinne lit, de natuer fuortsterket, boeren takomst biedt en dy’t wer romte makket foar nije ekonomyske ûntwikkelingen. Dat skriuwe de seis organisaasjes yn in ynstjoerd artikel yn it FD.

Foto: LTO Noard

“By mooglike oplossingen foar de stikstofproblematyk betsjut winst foar de ien meastal ferlies foar de oar, wêrtroch’t breed draavhflak oant no ta ûntbrekt en de ympasse bestean bliuwt, mei alle gefolgen foar natuer en ekonomy. Dêr wolle we út en dat kin mei ús oanpak dêr’t natuer en ekonomy beide better fan wurde”, sa sizze de organisaasjes.

Ferskaat yn oanpak
It foarstel fan de seis organisaasjes realisearret yn 2030 in dúdlik hegere stikstofreduksje (40%) as yn de notiidske wetjouwing foarsjoen is (26%) en mei in ekstra faasje yn de earste jierren. Der komt ek in ekstra ûntwikkelromte (60 mol) om de ekonomyske ûntwikkeling wer op gong te helpen en der wurdt ekstra ynvestearre yn op peil bringen en fersterkjen fan de natuer. Essinsjeel yn it plan is de op it gebiet rjochte oanpak dy’t de organisaasjes foarstelle. De stikstofsituaasje ferskilt ommers fan gebiet ta gebiet en kin dus ek allinne lokaal oplost wurde, wêrby’t relevante spilers, lykas boeren en natuerbehearders yn it gebiet, mei-inoar gearwurkje yn stee fan maatregels fan boppe-ôf oplein te krijen. Ut ûnder mear de útspraak fan de Ried fan Steat die fierder bliken dat juridyske wissichheid fan in nije oanpak krúsjaal is. Yn de nije oanpak wurde de reduksjedoelen dêrom juridysk ferankere en wurdt de fuortgong fan it programma kontinu metten. As it nedich is kin it Ryk bystjoere, op basis fan de twajierlikse evaluaasje.

Ynvestearringsprogramma
De nije oanpak freget finansjele stipe fan foaral boeren foar ynnovative, natuerynklusive lânbou, agrarysk natuerbehear, bygelyks frijwillige ferpleatsing nei takomstbestindige lokaasjes of frijwillich ophâlden. It op peil bringen en fersterkjen fan de natuer freget om mear middels as oant no ta foarsjoen is. Oant 2030 is jierliks € 1,7 miljard oan ynvestearringen nedich om alle doelen te heljen, hawwe de organisaasjes berekkene. “Dat is yn it algemien belang en de kosten fan neat-dwaan binne boppedat op de lange termyn folle heger”, sizze de briefskriuwers. “No al geane bygelyks miljarden oan nije duorsume ynvestearringen ús lân foarby. Boppedat driigje alderhande needsaaklike ûntwikkelingen (fan ynfrastruktuer oant wenjen en de enerzjytransysje) te sneuveljen.”

Ferfolch
De organisaasjes freegje de polityk om mei te dwaan en de oanpak fierder út te wurkjen. Se advisearje it demisjonêre kabinet ek om it plan foar te lizzen oan de Ried fan Steat en it Planburo foar de Libbensomjouwing.

maaie 27, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.