Mear as tachtich boeren telle dit jier flinters

maaie 25, 2021 08:48

LTO Noard, Boerenatuer en De flinterstichting geane troch mei de unike gearwurking en it monitoaringsprogramma (BIMAG) wêrby’t boeren sels flinters yn it agraryske gebiet monitoare. It oantal dielnimmende boeren dat bydrage wol oan it fersterkjen fan it bioferskaat, nimt ek dit jier wer ta.

Foto: pixabay.com

Yn 2017 is út mearjierrich ûndersyk dúdlik wurden dat it oantal ynsekten yn de ôfrûne desennia fiks ôfnommen is. Hast alle yn Nederlân beskikbere trends fan ynsekten binne foar it grutste part basearre op waarnimmingen út natuergebieten en der wiene mar in bytsje gegevens bekend út greiden en fan boerehiemen. Om dy reden hawwe LTO Noard, Boerenatuer en De flinterstichting yn 2019 it monitoaringsprogramma Boere Ynsekte Monitoaring Agraryske Gebieten (BIMAG) opset. Dat foarsjocht deryn dat boeren sels ynsekten yn harren eigen agraryske gebiet yn ’e gaten hâlde.

BIMAG groeit
Yn it earste jier hawwe 21 agrariërs meidien. Ferline jier ferdûbele dat oantal en telden 42 dielnimmers 6319 nachtflinters en 1941 deiflinters. Dit jier telle 82 boeren en túnkers flinters. Opfallend is dat nije dielnimmers faak ‘oanstutsen’ binne troch in entûsjaste BIMAG-dielnimmer út eigen fermidden. Der wiene dit jier sels safolle oanmeldingen dat der in wachtlist opsteld is, omdat de organisaasjes it wichtich fine om genôch begelieding garandearje te kinnen.

Conny Bloemhoff, melkfeehâldster en dielnimster sûnt 2021: “Oan soarten en massa flinters kinne je in soad ûntdekke oer de leefgebieten en ekosystemen. Hokker natueryngrepen wurkje foar ús agrariërs en wat is yn de bedriuwsfiering yn te passen? Hoe soargje ik foar bewustwurding by kollega’s en minsken om ús hinne? Dy fragen spylje by my al in langere tiid. Troch te monitoaren krij ik ynsicht en haw ik in ynstrumint om minsken by myn learproses te belûken.”

Nacht- en deiflinters
Net allinne binne der dit jier mear dielnimmende agrariërs, der is ek in stigende line te sjen yn it oantal dielnimmers dat neist nachtflinters ek deiflinters telt. De nachtflinters wurde teld mei help fan Led-amers. De boer set de amers oan ’e ein fan ’e dei op trije plakken en troch in ljochtsensor geane de ledlampen oan as it tsjuster wurdt. De nachtflinters wurde dêrtroch oanlutsen en belânje yn de amer. As it ljocht wurdt set de boer de flinters op de foto, foardat se wer sûnder skea fuortfleane kinne. Yn de deiflintertelling rint de agrariër wykliks in rûte oer it hiem en turvet er sels de flinters dy’t hy of sy sjocht.

Ursula te Brake, melkfeehâldster en dielnimster sûnt 2020: “Op ús pleats wurkje wy hân yn hân mei de natuer. Meiwurkje oan BIMAG is in moaie gelegenheid om mei help fan de Led-amers te ûntdekken hoe’t it mei de nachtflinters yn ús omjouwing en op de pleats giet. Der binne noch sa’n soad nachtflinters te ûntdekken! AllIe kearen by it iependwaan fan de Led-amers, is it as pakke je in kadootsje út.”

Lanlike sprieding
De tellingen jouwe mei-inoar in hieltyd better byld no’t de lanlike sprieding tanommen is en de earste dielnimmers rigen opbouwe fan al trije jier. Yn alle tolve provinsjes binne ûnderwylst flintertellende boeren út ferskate sektoaren. Fan fruitteler oant melkfeebedriuw, gongber en biologysk, der is in soad ynteresse. Sa starten dit jier bygelyks in lishinbedriuw en ek in geitehâlderij.

Oer it projekt
BIMAG is in mearjierrich projekt, opstart yn 2019. It projekt is mei mooglik makke mei finansiering fan it Ministearje fan LNV. De sifers litte sjen dat agrariërs sels, of yn gearwurking mei frijwilligers, in soad soarten flinters sjogge op it boerehiem. Troch monitoaring krije agraryske ûndernimmers better ynsicht yn wat goed wurket foar it bioferskaat op it hiem en yn it lân.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.vlinderstichting.nl/bimag of www.ltonoord.nl/bimag.

maaie 25, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.