Máxima tankber foar tiid mei húshâlding troch koroana

maaie 17, 2021 09:36

Keninginne Máxima fynt dat se yn de tiid foar de koroanakrisis “in bytsje te folle” op reis wie foar har wurk en is “tankber” foar de tiid dy’t se mei troch de pandemy mei har húshâlding trochbrocht hat. Dat seit se yn in fraachpetear dat Matthijs van Nieuwkerk mei har hie fanwege har fyftichste jierdei, dy’t se hjoed fiert.

Keninginne Máxima (foto: ©RVD/Kening Willem-Alexander)

“Ik moat sizze: ik reizge in bytsje te folle foardat koroana útbruts. Ik bin temûk ek in bytsje bliid dat ik minder reizgje moat”, seit Máxima. “Foaral no’t der ek twa bern de hûs út gean. Dat ik dy tiid mei harren hân ha, dêr bin ik echt tankber foar.” Prinsesse Amalia nimt nei har eineksamen in tuskenjier en Alexia sil nei de simmer in oplieding yn Wales dwaan.

Van Nieuwkerk ynterviewde Máxima koartlyn yn Paleis Huis ten Bosch. De makkers lieten witte dat it in “iepenhertich petear” wie oer it libben, de leafde en it wurk. It folsleine petear is jûn om 20.35 oere by de NOS op NPO 1 te sjen.

maaie 17, 2021 09:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga maaie 17, 19:49

    Maxima is in aardige en moaie frou. Hjir op in hiele moaie foto setten troch har man. Ik bin benijd nei har petear jûn. Sy hat it nederlânsk aardich yn ‘e mûle, dat fernuveret my elke kear. Ik sjoch noch de Griene draak by Uitdam lizzen en in plysje auto op de dyk. Maxima wie doe mei Willem-Al;exander op it skip. It begjin fan harren leafde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.