Marshelikopter ferliest kontrôle by flecht

maaie 29, 2021 10:25

Marshelikopter Ingenuity hie ferline wike sneon in probleem by in flecht, berjochtet NASA. Troch in navigaasjeflater fleach de helikopter alle kanten op. Nettsjinsteande dat koe Ingenuity feilich delkomme.

Ingenuity (ôfbylding: Wikipedia/NASA JPL-Caltech – publyk domein)

It wie de earste kear dat de Marshelikopter problemen ûnderfûn by in flecht sûnt it reau op Mars oankaam is. It ynsidint barde by de sechde testflecht fan de wjukkelmasine, doe’t er op tsien meter hichte fleach.

Ingenuity fljocht en lânet mei help fan in kamera dy’t hieltyd in rige foto’s makket. Ien fan de foto’s waard net registearre yn it navigaasjesysteem. Dêrtroch waard de tiidrige fersteurd en rekke it reau betize oer syn lokaasje. it tastel skommele hinne en wer en hie hege piken yn it stroomferbrûk. Uteinlik koe de helikopter feilich delkomme op fiif meter ôfstân fan it lâningsplak. Neffens in wurdfierder fan NASA hat it ynboude systeem dat de stabiliteit fan Ingenuity garandearret it reau rêden.

Ingenuity gie ferline jier as bagaazje yn de laadromte fan Marsrover Perseverance mei nei Mars. Yn febrewaris kamen de tastellen dêr oan en yn april makke de wjukkelmasine foar it earst in slagge flecht op de planeet.

Besjoch in filmke op YouTube.

maaie 29, 2021 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.