LTO Noard wol realistyske oplossings yn Lânbouaginda Fryslân

maaie 20, 2021 08:52

Provinsje Fryslân presintearre woansdei de Lânbouaginda 2030 foar in sûne takomst fan de lânbou en ús itensproduksje. LTO Noard wol realistyske oplossingen dy’t perspektyf biede foar de boer en túnker. Mei each foar it ferskaat yn agraryske bedriuwen.

Foto: LTO Noard

Fryslân is dé lânbouprovinsje fan Nederlân en dat moat beholden en fersterke wurde, seit LTO Noard. Tineke de Vries, regiobestjoerder LTO Noard regio Noard: “Wy binne bliid dat de provinsje erkent dat ús boeren en túnkers topfiedsel produsearje. Wy hearre by de wrâldtop as it giet oer fernijing en ús produkten gean de hiele wrâld oer. Wy fiele dêrom ek in ferantwurdlikheid om stappen yn ferduorsumjen te setten. Dêrby is ûndernimmersperspektyf wichtich, want der moat wol brea op ’e planke komme.”

Jilden binne nedich
Provinsje Fryslân wol de lânbousektor nei in fiifstjerrelânbou bringe. De Vries: “Om nije foarmen fan lânbou op te setten en it fertsjinnersfermogen te ferbetterjen, is ynvestearring yn kennis en ynnovaasje krúsjaal. Dan is finansiering hurd nedich en dat sjoch ik net weromkommen yn de plannen fan de provinsje. Der is beheind jild beskikber, dêr sille wy de omslach net mei meitsje.”

Lokale keaten
De provinsje wol sterk ynsette op lokale keaten om te soargjen dat agraryske ûndernimmers in konkurrearjend fertsjinnersmodel hawwe. De Vries: “De konsumint is hieltyd mear dwaande mei it komôf fan it iten en troch it ferkoartsjen fan de keat is der mear transparânsje yn it fiedselsysteem, dêr binne wy it grif oer iens. Wy tinke lykwols dat de lokale merk yn Fryslân in te lytse merk is dy’t mar foar in beheind oantal agraryske ûndernimmers nijsgjirrich is.”

Fersterkje
Neffens de plannen fan de provinsje sil in kwaliteitsslach yn itensprodukten him fertale nei in tafoege wearde yn de eksportmerk. Neffens De Vries is dat te betwiveljen: “Yn Noard-Europa sil dat sa wêze, mar mondiaal lizze de behoeften wol earne oars. Fryslân is sterk yn de eksport fan suvel en poatierappels, litte wy ús ynternasjonale posysje behâlde en fersterkje.”

Rezjy
Fierder set LTO Noard fraachtekens by it proses. De provinsje wol ynterdissiplinêre wurkgroepen foarmje. De Vries: “It moat gjin praatsirkus wurde. De provinsje moat dêr diedkrêft yn toane en de rezjy nimme. En oer de monitoaring fan de doelen moat noch goed neitocht wurde. Doelstellingen lykas ‘areaal sûne lânbouboaiems’ binne te dizenich en dêr kinne we yn ’e praktyk net folle mei.”

maaie 20, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.