LTO Noard: Netbehear frustrearret agraryske enerzjytransysje

maaie 13, 2021 09:03

Hieltyd mear boeren en túnkers lizze sinnepanielen op dakken fan stâlen en skuorren en wurkje sa mei oan it ferduorsumjen fan Nederlân. Dat freget fan de netbehearders dy’t de stroom ôfnimme moatte in gruttere netoansluting. Spitigernôch slagget dat yn in protte gefallen net. It gefolch dêrfan it dat ynstallaasjes net oansletten wurde of dat produsearre stroom net levere wurde mei. Tsientallen en mooglik hûnderten boeren en túnkers reitsje dêrtroch finansjeel yn ’e knipe.

Ofbylding: LTO Noard

Troch te min kapasiteit op it elektrisiteitsnet kinne boeren en túnkers de stroom net kwyt of gjin nije ynstallaasjes oanslute. Dat is in grutte rem op de enerzjytransysje. Sinnepanielen op dakken foarmje just ien fan de pylders yn de enerzjytransysje, ûnder mear troch it grutte draachflak. Boeren en túnkers lije boppedat grutte finansjele skea. Yn sinnepanielen op dakken is meastal in protte jild ynvestearre, faak mear as in ton. Troch de problemen by netbehearders ferdampt ynvestearre jild. Al tsientallen boeren en túnkers hawwe har mei it probleem meld.

In foarbyld fan in dupearre is in melkfeehâlder út Fryslân. Yn it ôfrûne jier hat er syn netoansluting fergrutte om sa’n 800 sinnepanielen op it net oanslute te kinnen. Nei it beteljen fan de kosten krige er lykwols in berjocht fan de netbehearder dat der gjin enerzjy levere wurde mei oan it netwurk. Nei alle gedachten mei dat net oant 2024. Dat soarget derfoar dat de melkfeehâlder grutte finansjele skea lijt. Hy is alle moannen in protte jild kwyt oan de rinte, ôfskriuwing en it ûnderhâld fan de ynstallaasje, dêr’t gjin ynkomsten foaroer stean.

Folle mear dupearren
It probleem stiet net op himsels. De ôfrûne wiken krige LTO Noard nammentlik tsientallen berjochten fan dupearren. Der binne trije knipesituaasjes dy’t in protte foarkomme. Ien dêrfan is de situaasje dat bedriuwen dy’t in ynstallaasje op it net oansletten ha, in transportbeheining krije, sadat levering net mooglik is. Der binne ek bedriuwen dy’t yn earste ynstânsje wol berjocht krigen dat se op it net oansletten wurde koene, mar dêr’t dat ynienen net mear koe nei’t se de subsydzje krigen. In tredde knipepunt is by bedriuwen dy’t hielendal gjin subsydzje oanfreegje kinne fanwegen in negative transportbeheining.

Melde
LTO Noard ropt boeren en túnkers dy’t te krijen hawwe mei gefolgen fan netkongestje (it net weromleverje kinnen fan stroom) op om har hjir te melden. Sa kin LTO Noard better ynsjoch krije yn de folsleine omfang fan it probleem.

maaie 13, 2021 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.