Ljouwert iepenet trochtraaprûten op Wrâldfytsdei

maaie 28, 2021 08:33

Op tongersdei 3 juny is it Wrâldfytsdei. Dy deis iepenje wethâlders Friso Douwstra (Ferkear) en Bert Wassink (Sûnens) mei sportcoaches fan BV Sport en fytsdosinten fan it Fytsersbûn yn Ljouwert fjouwer trochtraaprûten om de stêd hinne.

Foto: pixabay.com

Jetty de Vries, fytsdosint Fytsersbûn: “Trochtraaprûten binne rûntsjes fan likernôch 20-25 kilometer, moai, grien, oer ridlik romme paden, mei amper obstakels en relatyf feilige krusingen. Trochtraaprûten hearre by it lanlik programma Trochtraapje, in oerheidskampanje om minsken sa lang mooglik feilich trochfytse te litten: fytse oant jins 100ste!

Traapje mei
Op 3 juny kinne fytsers de hiele dei de rûten fytse. Tusken 11.30 en 14.30 oere stean der fytsdosinten fan it Fytsersbûn en buertsportcoaches fan BV Sport op in tal lokaasjes oan de rûtes klear om mei dielnimmers oer fytsen te praten. Hja jouwe tips en freegje dielnimmers oft se faker fytse wolle soene, en oft se faaks behinderingen ûnderfine, lykas problemen mei it opstappen.

Fytsers kinne har oant en mei 2 juny oanmelde foar ien fan de rûten, troch in mail te stjoeren oan sportontwikkeling@bvsport.nl of telefoanysk fia 06 – 31963443. Nei oanmelding krije de dielnimmers de rûte.

Fjouwer trochtraaprûten
De fjouwer Trochtraaprûten dy’t yn Ljouwert fytst wurde: Om de Grutte Wielen hinne (19 km), Dronryp (27 km), Koarnjum (12 km) en Goutum (25,5 km). De rûten binne ek op www.doortrappen.nl te finen.

Trochtraaprûten hearre by it lanlik programma Trochtraapje, in inisjatyf fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Dat programma hat de ambysje dat de âlderein sa lang mooglik feilich fytst. Yn Fryslân wurdt Trochtraapje droegen troch it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens (ROF) en de Fryske gemeenten.

maaie 28, 2021 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.