Liet iepenet ynskriuwing foar finale 2021

maaie 29, 2021 09:17

Frysk sjongfestival op 19 novimber

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2021 is sûnt freed 28 maaie iepen. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne de kommende wiken in orizjineel liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2021 kin fia de site www.liet.frl. De slutingsdatum is 12 july. 

De finale fan Liet is dit jier op freed 19 novimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. As dêr fanwegen koroanamaatregels gjin publyk by oanwêzich wêze mei, dan wurdt de finale streamd. “It hat fansels ús foarkar dat de dielnimmers spylje kinne foar in folle seal. Mar mocht dat ûnferwachts net mooglik wêze, dan soargje wy derfoar dat eltsenien de finale thús folgje kin”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet.

It sjongfestival hat dit jier ien foarwedstriid. Ut alle ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker tolve bêste lieten harren dêrfoar kwalifisearje. Nei live-optredens by Omrop Fryslân bliuwe der, mei help fan in digitale stimming ûnder it Fryske publyk, 8 akts oer foar de finale. Twa dêrfan wurde troch it publyk oanwiisd, de oare seis troch de faksjuery. “Wy hoopje nettsjinsteande dizze drege tiid foar de muzykbrânsj op in soad ynstjoeringen”, seit produksjelieder Tjallien Kalsbeek.

Neist de finalisten spylje op Liet ek in tal bekende Fryske muzykakts foar it crossover-programma fan Liet. Yn keppels fan twa skriuwe en spylje dy akts nije Fryske lieten. “Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan”, seit Van der Veer. “De wedstriid mei nije Fryske lieten fan jonge muzikanten is noch altiten hiel wichtich. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije saken besykje, lykas bekende Fryske artysten stimulearje om mear de Fryske taal yn harren repertoire te brûken.”

maaie 29, 2021 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.