Leo Blokhuis oer de moaiste Bob Dylan-covers en southern rock

maaie 21, 2021 10:37

Yn it muzykprogramma Blokhuis Extra dûkt Leo Blokhuis (NPO Radio 2, Top 2000 a gogo) yn likernôch sechtich jier popmuzyk. Dat docht er hieltyd oan ’e hân fan in tema: tinke oan in artyst en in spesifyk part fan syn of har oeuvre, in popjier, in subsjenre, in festival of in jubilearjend platelabel. It programma is in fuortsetting fan NPO Radio 2 presenteert…

Yn ôflevering 7 fan Blokhuis Extra fisket Leo in pear moaie foarbylden op út in protte covers dy’t makke binne fan Bob Dylan, dy’t oankommende moandei tachtich jier wurdt. Yn de achtste útstjoering giet it oer southern rock: in sjenre dat skaaimerke wurdt troch in protte manlju, in soad hier en gitaren. Mei ekstra omtinken foar de findeldragers fan it sjenre: Lynyrd Skynyrd.

De útstjoeringen fan Blokhuis Extra maaie en juny op in rige:

Bob Dylan yn 1991 (foto: Wikipedia/Xavier Badosa – CC BY-SA 3.0)

Sneon 22 maaie, 23.00 oere: Bob Dylan-covers (60 min.)
Oankommende moandei 24 maaie fiert Bob Dylan syn 80e jierdei. En lykas al op syn earste Greatest Hits-album stie: ‘Nobody sings Dylan like Dylan’. Kollega-artysten lieten en litte har lykwols net ûntmoedigje en in protte fan harren weagen har oan harren favorite Dylan-liet of makken folsleine albums mei syn nûmers. Sterker noch, oare artysten hiene folle faker in hit mei harren ferzje fan in Dylan-nûmer as de man sels. Tink oan ûnder oare: The Byrds, Jimi Hendrix of Adele. Leo Blokhuis dûkt yn dizze ôflevering yn it fenomeen Dylan-cover. Utsein foarneamde artysten binne ûnder oaren te sjen: The Band, Nina Simone, Miley Cyrus, Neil Young, Ricky Koole, Jett Rebel, Johnny Cash en Tom Petty. Dylan sels docht út en troch ek mei.

Dizze Blokhuis Extra-ôflevering oer Dylan-covers is ûnderdiel fan in folslein ‘Bob-Dylan wurdt 80-wykein’ op NPO 2 ekstra, te sjen fan sneontejûn ôf. Fierder is ûnder mear de ferneamde dokumintêre No Direction Home te sjen, dy’t regisseur Martin Scorsese oer de earste suksesjierren fan Dylan makke en de telefyzjepremjêre fan in nagelnij konsert fan Chrissie Hynde (The Pretenders) dy’t inkeld Dylan-nûmers fertolket. De moandeis – Dylans jierdei – wurdt alles werhelle.

Ofbylding: NTR

Tiisdei 8 juny, 22.30 oere: Southern rock (60 min.)
Koartlyn ferskynde it legendaryske konsert fan Lynyrd Skynyrd op it Ingelske Knebworth-festival foar it earst yntegraal op dvd en blu-ray. Neffens de leginde bliezen dy rockers út it suden fan de Feriene Steaten dy deis yn 1976 The Rolling Stones fan it poadium. Spitigernôch soe likernôch de heale besetting fan Lynyrd Skynyrd in jier letter omkomme by in fleantúchûngelok. Yn dizze ôflevering binne neist bylden fan Skynyrd op Knebworth ek oare grutte nammen út de southern rock te sjen, lykas The Allman Brothers Band, ZZ Top en The Black Crowes.

Utstjoering: sneon 22 maaie en tiisdei 8 juny op NPO 2 ekstra

De útstjoeringen fan Blokhuis Extra binne ek werom te sjen op NPO Start.

maaie 21, 2021 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.