Laura, Rowan en Lieve winne SjONG

maaie 13, 2021 08:24

In Fryske sjongtekst op in besteand nûmer skriuwe, workshops folgje, audysje dwaan en dan ek nochris winne… Dat diene Laura Kooistra (16), Lieve Smit (14) en Rowan Veltman (15). Sy binne de trije grutte winners fan SjONG 2021. Sjueryleden Elske en Femke de Walle fûnen harren útfiering it moaist. No meie se alle trije in music video opnimme mei nimmen minder as Cor Booy. Klaske Smid (17) wûn de SjONG-tekstpriis.

Rowan Veltman (foto: Piet Douma)

Under it each fan in hânfol minsken en in protte online folgers songen Lieve, Rowan en Laura harsels yn de grutte studio fan ROC Friese Poort Drachten nei de oerwinning. Laura Kooistra út Tersoal die dat mei ‘Op dy fersjoen’, in Fryske oersetting fan ‘My immortal’ fan Evanescence. “Ik ha oeral pikefel, wat in moaie stim en prachtige frasearingen, do boeist my fan begjin oant ein”, sa sei sjuerylid Elske de Walle. De oare earste priis gie nei Rowan Veltman (Garyp) mei it nûmer ‘Myn dream’, in cover fan ‘Everything I wanted’ fan Billie Eilish. Femke de Walle: “Ik liet myn pinne falle doe’t ik dyn stim foar it earst hearde… Wow, wat in waarmte en kontrôle!” De lêste winner wie Lieve Smit út Burgum mei ‘Yn myn dream’, oftewol ‘One day’ fan Tate McRae. Se begelate harsels op piano en waard priizgje foar har stimlûd, dynamyk en muzikaliteit. Dit jier wie der ek wer in tekstpriis foar de bêste Fryske sjongtekst. Sjuerylid Raynaud Ritsma keas foar Klaske Smid út Himmelum. Sy skreau in Fryske tekst op ‘The Climb’ fan Hannah Montana, dat waard ‘Hjoed is de dei’. Raynaud: “Mei wurden as ‘flinterfrij’, ‘fûgelfrij’, mar ek ‘simmerfeeling’ hasto in geweldige tekst makke oer de reis fan it libben.”

In show yn in folle poppoadiumseal siet der net yn dit jier, mar wol in machtige priis foar de winners fan de audysjes: in superprofi directed music video fan harren SjONG-nûmer. Net samar in fideoklip, want de makkers fan de clips, studinten AV-specialist en Podium- en Evenemententechniek fan ROC Friese Poort Drachten, wurde it hiele proses bystien troch cinematographer Cor Booy, makker fan Netflix films en music videos fan bekende artysten. Fansels wurde de artysten de kommende moane ek by it produksjeproses belutsen.

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar de jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. It waard dit jier foar de njoggende kear holden en wol mei in koroanafeilige edysje. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongelju te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

Keppeling LêsNo
SjONG hat dit jier ek in keppeling mei it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo foar it fuortset ûnderwiis. Mear as 4000 earsteklassers lêze it Frysktalige boek Wurden fan Timo, foar LêsNo skreaun troch Tialda Hoogeveen. It boek giet oer it muzikale famke Nanne, in gewoane teener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. Muzyk spilet in grutte rol yn har rouproses en Nanne docht yn it boek mei oan SjONG.

maaie 13, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.