Lansearring Natuerlik Fryslân 2050

maaie 20, 2021 08:13

Tiisdei 1 juny lansearje de Fryske Miljeufederaasje, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea Natuerlik Fryslân 2050. Natuur en Landschap als basis voor onze toekomst. Wa’t dat wol is fan herten wolkom om diel te nimmen oan de webinar Natuerlik Fryslân 2050. Dy is fan 16.00 oant 17.30 oere.

Ofbylding: Fryske Miljeufederaasje

Natuerlik Fryslân 2050 is in fyzje op ús provinsje dêr’t yn stiet hoe’t natuer en lânskip ús helpe kinne om in oantal maatskiplike opjeften op te lossen. Natuer kin bygelyks oerskotten fan wetter opheine of in wetterfoarried fêsthâlde foar drûge tiden. De boaiem kin CO2 fêstlizze yn stee fan útstjitte. De kust kin meigroeie mei de seespegelstiging as wy kwelders klei ynheine litte. It binne foarbylden om Fryslân klear te meitsjen foar de útdagingen dy’t op ús ôfkomme, mar dy’t ek liede ta in lânskip dat ryk is oan bioferskaat en dêr’t it oangenaam is om yn te wenjen en te wurkjen.

Fjouwer Fryske natuerorganisaasjes besleaten ein 2020 om dy yntegrale fyzje op Fryslân te ûntwikkeljen. Dêr fyzje wurdt yn oanjûn hoe’t programma’s foar bygelyks wetterbehear, romtlik belied, feangreide, kustferdigening, de boskestrategy en fergriening fan de lânbou opinoar ôfstimd wurde kinne. En fierder hoe’t soks yn alle soarten fan lânskip in eigen ynfolling krije kin, sadat harren karakter fersterkte wurdt. Natuerlik Fryslân is gjin blaudruk, it is in útnûging om yn petear te gean. De hoop is nammentlik dat dizze tinkwize oanknopingspunten biedt foar in soad partners om gear te wurkjen.

By de webinar krije fiif bestjoerders de fyzje Natuerlik Fryslân 2050. Natuur en Landschap als basis voor onze toekomst fysyk oanbean. Oanwêzich binne deputearren Avina Fokkens, Douwe Hoogland en Klaas Fokkinga fan de Provinsje Fryslân, dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân en boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It selskip giet ek yn petear mei de direkteuren fan de natuerorganisaasjes oer de fyzje en miskien sjogge de bestjoerders al wurk lizzen dêr’t yn oparbeide wurde kin.

Oanmelde kin fia dizze link.

Ofbylding: Fryske Miljeufederaasje

 

maaie 20, 2021 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.