Kriget de Ljouwerter wyk Wiarda wol of net in fytspaad?

maaie 15, 2021 08:59

De bewenners fan de wyk Wiarda yn de Ljouwerter Súdlannen is troch de gemeente in fytspaad tasein. Dêr wachtsje se lykwols al mear as in jier op. Ferskillende kearen is de oanlis derfan opskood. It liket wol as wurdt der hieltyd wer in reden fûn om it karwei op ’e lange baan te skowen. No is it it briedseizoen dat de boel yn ’e bulten jaget. De bewenners hawwe it langer op in pypfol, wylst it foar de ferkearsfeilichheid yn Wiarda en oanswettende wiken krekt sa belangryk is dat it paad der sa gau mooglik komt.

Foar de PvdA-fraksje wie de kwestje oanlieding en stel der fragen oer oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. Hat B&W werklik in ekologysk advys krige om it oanlizzen fan it fytspaad mar wer foar him út te skowen en watfoar in advys is dat dan? Komt it paad der noch wol en watfoar prikken wurde der dan yn it wurk set sadat it foar it nije skoaljier klearleit? Is it te ferwachtsjen dat it paad, as it der ienkear leit, alle jierren yn it briedseizoen net brûkt wurde mei?

Fraksje en buertbewenners wachtsje mei spanning de antwurden ôf.

maaie 15, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.