Kees de Krokodil (gedicht)

maaie 1, 2021 09:30 Fernijd

Foto: pixabay.com

Kees de Krokodil
wit net mear hoe’t er lizze sil.
Syn tosken dogge him sa sear,
dat hy sliept al dagen net mear.

De toskedokter dêr moat er neat fan ha,
mar echt, it kin net langer sa.
Dus dochs mar hinne op ‘e fyts,
o wat fielt dy Kees him lyts.

“De hiele boel derút, dat is it bêste
no drekt of oars bist moarn de lêste.”
Kees, betinkt him echt net mear,
“skuor se der fuort mar út yn ien kear”.

In spuit yn ’t wang,
en Kees is hielendal net mear bang.
“In fluitsje fan in sint” sei er letter stoer,
mar nei trije oeren wie de ferdôving oer.

“Even trochsette hear, doch net sa gek,
oer trije wike hast wer tosken yn de bek.
Krigest fan my moaie ymplantaten,
krekt echt, net ien hat it yn de gaten.”

Nei trije wiken wie it sa fier,
mar Kees seach noch net sa blier.
“Stel dy net oan, it is even wennen,
fuort no mei dy krokodilletriennen.”

Folkje Koster

maaie 1, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.