Katalogus fan Tony Cragg

maaie 17, 2021 09:15

Yn ’e griene oaze fan it museumpark fan Museum Belvédère wurde seis monumintale bylden toand fan de wrâldferneamde keunstner Tony Cragg. Dy binne no al te besjen. Se rinne foarút op de útstalling Points of View dy’t yn Museum Belvédère te sjen wêze sil sa gau’t de musea wer iepen meie. De katalogus is no ek al beskikber, mei oantreklike ôfbyldingen en nijsgjirrige eftergrûnynformaasje.

Wurk fan Tony Cragg (boarne: Museum Belvédère)

Yn de skulptueren fan Tony Cragg (1949) lykje alle krêften fan de hieltyd feroarjende natuer gear te spannen. Soms rize de kontoeren op fan antlitten en lichems, om dêrnei wer op te gean yn it lumich klusterjen fan foarmen. De bylden binne sterk ynspirearre op natuerlike, organyske foarmen en nûgje út om se fan alle kanten te besjen.

It boek Tony Cragg – Points of View is ferskynd by de útstalling mei deselde namme (24 april o/m 26 septimber 2021) yn en om Museum Belvédère. De tekst is skreaun troch Jon Wood, mei in ynlieding fan Han Steenbruggen. It boek yn kleureprint is ryk yllustrearre mei mar leafst 68 foto’s dy’t John Stoel en Michael Richter fan de útstalde wurken makken.

De útjefte kostet fyftjin euro en is te keap yn de webwinkel fan it museum.

Besjoch de katalogus.

Boarne: Museum Belvédère

maaie 17, 2021 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.