Judith Spijksma nije konservator moderne en hjoeddeiske keunst Frysk Museum

maaie 7, 2021 08:56 Fernijd

Judith Spijksma is fan 1 juny 2021 ôf de nije konservator moderne en hjoeddeiske keunst fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Hja beklaait op it stuit deselde posysje by it Dordrechts Museum.

Judith Spijksma (boarne: Frysk Museum)

“Ik sjoch der tige nei út om wer yn Fryslân oan ’e slach te gean. It Frysk Museum hat yn omfang de tredde kolleksje hjoeddeiske keunst yn Nederlân. It is geweldich om dêr oankeapen foar te dwaan dy’t ek de Kolleksje Nederlân ferrykje en om útstallingen te meitsjen dy’t in relaasje mei Fryslân lizze, relevant binne foar Nederlân en ek ynternasjonale alluere hawwe. Dêrneist wol ik de line fuortsette dy’t ynset is troch myn foargonger Hanne Hagenaars, troch mear omtinken te jaan oan de hjoeddeiske keunst yn Fryslân”, seit Judith Spijksma.

Direkteur Kris Callens is grutsk op de beneaming: “Judith hat oansprekkende ideeën op it mêd fan oankeapen en útstallingen. As konservator hat se har spoaren yn Dordrecht fertsjinne. Mei Judith oan board kin it Frysk Museum syn groeiende rol as nasjonaal spraakmeitsjend plak foar hjoeddeiske keunst hielendal wiermeitsje. Ut har foarige perioade by it Frysk Museum ken se de Fryske ynfrastruktuer foar hjoeddeiske keunst goed; it museum kin dêr de kommende tiid dan ek mear foar betsjutte. Ik sjoch tige út nei de nije gearwurking.”

Judith Spijksma
Judith Spijksma studearre keunstskiednis en kuratorstúdzjes oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 2014 ôf wurke se by it Frysk Museum as meiwurker hjoeddeiske en moderne keunst, as projektlieder en as kurator fan ûnder mear de suksesfolle útstalling Escher op reis. Fan 2018 ôf hat se as konservator by it Dordrechts Museum de hjoeddeiske en moderne keunst in sterke en dúdlike posysje jûn. Hja is as ko-kurator ferbûn oan de earstfolgjende edysje fan Into Nature, in twajierlikse keunstmanifestaasje yn it Drintske lânskip. Neist kurator is Spijksma ek aktyf as adviseur by ûnder mear it Mondriaanfûns.

maaie 7, 2021 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.