Jan Schokker: Drokke fûgeltsjes
Resint ferskynd
Kollum
Alle tongersdeis ha wy ús fjouwer pake- en beppesizzers oer de flier om harren te ferdivedearjen. No ja, út skoalle wei om healwei trijen binne it mar in pear oerkes oant seis oere ta, mar it binne wol oeren fol tropetsjinst! Hiel leave skatten fan bern, alle fjouwer, ik kin net oars sizze. De iene harket noch better as de oare, der sit gjin swymke kattekwea yn dy bern, neat brekke se ôf, alles romje se op en se sprekke en skelle mei skik en fatsoen altyd mei twa wurden. Hearlike bern om op te passen. Wy boartsje, sy tekenje en kleurje, wy fuotbalje, sy dûnsje en sjonge. De frou en ik, wy sjogge ta en fiele de jierren, sy kopkedûkelje en draaie de radslach tsien kear efterinoar, sy skeelerje en bouwe de moaiste hutten. Neat mei te rêden en wilens is der mei ús leave poppen fan alles te rêden. Jûns binne wy fansels skjin oan ein. Makket neat, dan mar wat earder yn de lange sliep.
Fanwegen de fakânsjes binne dy drokke fûgels soms langer by ús en dan moat men eins wat nijs betinke om de bern algeduerigen te fermeitsjen. Miskien in kombinaasje mei in ekskurzje. Sa setten we yn de krookjefakânsje op in moaie moarn ôf nei De Geele Bosch, in camping by in boerepleats yn de polder ûnder Mildaam. Der wiene skelters, fytskes, karren en autopetsjes. Se mochten ek op in ponny ride, by it fee sjen en yn it hea boartsje. Letter rûnen wy mei de boer de neistlizzende bosk yn om de wylde bargen te fuorjen. En sa koene wy it efkes ha oer ús famyljehistoarje fan de Giele Bosk. Us pake Jan en beppe Tryntsje wennen yn it wite húske by de brêge. Pake tsjinne as kantonnier by Provinsjale Wettersteat en wie ferantwurdlik foar de beskoaiïng fan in diel fan de Tsjonger, beppe wipte de Mildaamster brêge as de bêste. Doetiids hiene sy in part fan de Giele Bosk mei in lape tún yn besit. As bern mochten wy op ’e fyts mei heit nei de bosk fan pake as er dêr yn de tún oan ’e slach moast. Mei syn bruorren ferboude er dêr ierappels en beane. Ik sjoch noch de hege bynstokken kreas yn ’e lange rigel stean. Wy mochten o sa graach yn ’e bosk boartsje en sa wisten wy ek fan it ferneamde ûnderdûkersplak, efter yn de bosk by de drûge sleat.
Ut de krante hie ik al meikrige dat it ûnderdûkershol lêstlyn restaurearre wie. De boer wiisde ús wêr’t wêze moasten.
“It oarspronklik hol leit in pear meter fierder de bosk fan de buorlju yn”, sei er, “hjir by it paad ha wy in replika makke.”
Hiel bysûnder om dat plak no mei de oer-oerpakesizzers te besjen. It makke in soad yndruk op ús drokke fûgeltsjes.
“Sieten hjir minsken yn? En âlde oerpake brocht harren dan it iten?”
Wat ik sa moai fûn wie dat it âlde hol der ek noch lei. Oan de oare kant fan de sleat, in pear meter de bosk yn. Foar in part ynstoart, mar noch goed as hol te werom te kennen. Hoe is it mooglik, tocht ik, nei safolle jierren. De gedachten giene werom nei pake Jan en de fleantúchbemanning. Wat moat dat in yn- en ynspannende tiid west hawwe, goed dat wy dêr no mei-inoar by stilstean koene. Sels de bern wiene der suver stil fan. Foar salang’t it duorre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje