Jan Poeps plak Frysk by Provinsje
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
De Ried fan de Fryske Beweging is min te sprekken oer it plak fan it Frysk yn it magazine Fuotten yn it Fean. De Ried hat dêr in brief oer stjoerd nei de Provinsje, de opdrachtjouwer fan dat magazine.
Hijrby de tekst:
Oan Provinsjale en Deputearre Steaten fan Fryslân.
Ferline wike krigen 40.000 ynwenners fan Fryslân, dy fan de Fryske feangreide, in moai tydskrift besoarge. Yn Fuotten yn it Fean wurdt útlein dat it der net goed foarstiet. “At we neat dogge, ferdwynt it fean troch útdroegjen en oksidaasje,” skriuwe Douwe Hoogland fan de Provinsje, Jan van Weperen fan it Wetterskip en Roel de Jong fan de Fryske Marren. It leit yn de bedoeling om tegearre mei de boeren en de boargers oplossingen te sykjen. Oant sa fier it goede nijs. Boppedat is it freonlik om rekken te hâlden mei ús Hollânsktalige ynwenners, want it soe sneu wêze at se net begripe wêr’t it om giet. Dus stiet op de efterkant de titel yn de twadde taal fan ús provinsje: Voeten in het Veen. Sels de ynlieding is twatalich. Dat kin net better. Fierderop komme yn dizze fraai útfierde glossy twa bern oan it wurd. It binne Michiel en Evert dy’t graach wat fertelle oer ljipaaien en lamkes. Fansels kinne jo sokke bern it net kwea-ôf nimme dat se Frysk prate.
No hat it provinsjaal bestjoer al jierren de sichtberens fan it Frysk heech yn it findel. It bestjoer hat ek goed foar de geast dat jo al dat jild dat jo útjouwe om bern it Frysk lêzen en wat skriuwen te learen in doel hawwe moat. Frysk ferstean en wat prate, dat giet wol sûnder dy slompen jild. Yn “It is mei sizzen net te dwaan”, dat mânske rapport dat in pear jier lyn útkaam yn opdracht fan de provinsje, skriuwt ús taalskipper en deputearre frou Sietske Poepjes “Nea earder is it Frysk yn it ûnderwiis sa yngeand en realistysk besjoen as no” en se konstatearret dat der noch in soad barre moat oant it jier 2030. Dat de provinsje har ferantwurdlikens nimt, sil dêrby grif helpe.
In pear jier lyn wie Ljouwert it sintrum fan de wrâld mei Kulturele Haadstêd Fryslân. Der waard provinsjebreed in tydskrift oer dit barren útbrocht en troch de provinsje betelle. Utsein it wurd “mienskip’ wie it folslein Hollânsktalich. In soad Friezen hawwe har dêroer fernuvere en dêrop reagearre. Dy wize fan wurkjen blykt net tafallich te wêzen. Ek dit nije tydskrift dat no by 40.000 Friezen leit, is útsein in pear Fryske útspraken, op ’e nij folslein yn it Hollânsk skreaun. It leit foar de hân dat jo mei dy inkelde Hollander dy’t noch net wei wurden is yn it Fryske fean, rekken hâlde troch net alles yn it Frysk te skriuwen. Hjir en dêr in gearfetting yn ús twadde rykstaal hie dêrby holpen.
De Ried fan de Fryske Beweging is ferbjustere oer dizze gong fan saken. De skoallen it mes op de kiel sette om mear oan it Frysk te dwaan, yn alle rûnten at it no giet om de kennisynfrastruktuer, it literêre fjild of it nije learplan Frysk de klam lizze op it belang fan sichtberens en gebrûkswearde fan de taal en as provinsje sels it ferdomme om sjen te litten dat it jo mienens is mei wat jo sizze.
Dizze Fuotten yn it Fean makket him tige drok oer it fersakjen fan de boaiem, mar it brûken fan it Frysk is by de provinsje sa fier sakke dat wy ús ôffreegje at it ea de kop noch boppe wetter hâldt mei dit sleauwe en ûnbegryplike belied, dêr’t dizze útjefte wer in skandalich foarbyld fan is.
Pier Bergsma, foarsitter
Nynke Beetstra, skriuwer
Ik bin it hjir grif mei iens. Sa fien ik it ek bysûnder dat er yn’e haadstêd fan Fryslân net in soad Frysk sprutsen wurdt, dat is dochs núver? It Frysk mei net ferdwine!
Yn it brief wurdt de suggestje dien dat de provinsje de skoallen it mes op kiel set om mear oan it Frysk te dwaan. Dat mes is lykwols sa stomp as in boerd (de provinsje giet út fan frijwilligens en pas oer 10 jier soe it goed komme kinne) en dus is der eins gjin tsjinstelling mei it Feangreide- magazine.
Mei de strekking fan it brief bin ik it folslein iens. As it de provinsje Fryslân mienens wie mei de emansipaasje fan it Frysk dan soe én yn it ûnderwiis én yn harren publikaasjes it Frysk in lykweardich plak krije.
Ik bin it hielendal iens mei de skriuwer.
Ik bin sels hikke en tein yn Fryslân.
Us mem kaam út it bûtenlân. Dat wie de reden dat wy thús it Nederlânsk as haadtaal hiene.
Op de MAVO kaam ik goed yn kontakt mei de fersoarger, it praten mei him spruts myn leafde foar it Frysk op. Want dizze bysûndere man, hie in foarkar foar de “âlde” Fries. Doe’t er dat sei, begriep ik neat. Mar ik hong oan syn elk wurd.
Dus doe’t der by de Provinsje Fryslân praat waard dat de sekretarissen of stipepersoniel de beljende klanten yn it Frysk antwurdzje en 1 fan myn kollega’s bot wegere, seach ik myn kâns en pakte dy mei beide hannen. Destiids haw ik troch trial and error en in tydlike kursus it Frysk sels behearske en de opbellende klanten stelden dy besykjen tige op priis. Want ja, sa’t jim begripe, ik sloech wolris in blunder. Mar dêr ha we goed om lake.
Op in stuit fregen se my sels út hokker part fan Fryslân ik kom. Ik wie doe aardich grutsk.
Sa sis ik in klinkende JA foar it Frysk ûnderwiis op skoallen en 110 prosint promoasje yn Fryslân, by de pleatslike befolking, mar ek by de nije migranten en yn de rest fan Nederlân.
FRIES is ommers in TAAL!