Italië wint Eurofyzje Sjongfestival 2021

maaie 23, 2021 10:14

Italië hat sneon yn Rotterdam it Eurofyzje Sjongfestival wûn. Rockband Måneskin krige mei it nûmer ‘Zitti e buoni’ 524 punten. Foarôf waard Italië al as grutte favoryt sjoen.

Byld fan in eardere edysje (foto: Wikimedia Commons/Mykola Swarnyk – CC BY-SA 3.0)

De oerwinning wie foaral te tankjen oan de stimmen fan it publyk. Nei’t de faksjuery’s harren punten útdield hiene, stie Italië noch fjirde. By de puntetelling ûntstie in twastriid tusken de Frânsktalige nûmers fan Switserlân en Frankryk. Gjon’s Tears kaam út foar Switserlân mei ‘Tout l’Univers’ en Barbari Pravi song foar Frankryk de sjanson ‘Voilà’. Uteinlik einige Frankryk op it twadde plak en waard Switserlân tredde.

Jeangu Macrooy, dy’t foar Nederlân útkaam mei ‘Birth of a new age’, einige mei alve punten fan de faksjuery op it 23e plak. It Feriene Keninkryk waard 26e en lêste. Dat lân krige fan sawol de faksjuery as it publyk nul punten.

Duncan Laurence, de Nederlânske winner fan 2019, soe ek optrede yn Ahoy. Mar omdat er posityf op koroana test wie, gie dat oer. In earder opnommen fideo fan syn nije nûmer ‘Stars’ waard dêrom fertoand.

De finale op NPO 1 waard sneon troch yn trochsneed hast 5,5 miljoen minsken besjoen.

maaie 23, 2021 10:14
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nanne maaie 23, 17:01

    In liet yn it Italjaansk, twa yn it Frânsk en noch ien yn it Oekraynsk yn de top-5: om te winnen is it dus hielendal net nedich om yn it Ingelsk te sjongen. Sjoch myn kommentaar fan juster ûnder it berjocht oer de twadde heale finale.

  2. Jehannes Elzinga, Frjentsjer maaie 24, 15:20

    No ‘t Jeangu Macrooy op it songfestival in foar in part Surinaamsk liet songen hat, wurdt it tiid dat der ek ris in Fryske bydrage yntsjinne wurdt. It Frysk is net foar neat de twadde rykstaal. It bêste soe wêze in Frysk hardrock nûmer, dy ha de meast kâns blykt wol út de Italjaanske oerwinning. Mei chansons komst der hjoed-de-dei net mear blykt wol út de lieten fan Frankryk en Switserlân. Ha wy net in Fryske band dy ‘t moanneskyn hjit?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.