It folksgerjocht op De Knipe

maaie 8, 2021 07:00

Yn 1985 sette Maria van Velzen har út it westen fan it lân wei nei wenjen op De Knipe. Om’t se in drokke baan hie, socht se rêst. Hja kocht in hûs dat tusken in winkel en in slachterij yn stie. Har buorman oan de eastkant makke noch ambachtlike rikke woarsten. As Maria yn de tún siet hie se bytiden lêst fan de reek, hoewol’t de wyn it meast út it westen wei kaam. Maria ûndernaam juridyske stappen om de slachter mei it rikjen ophâlde te litten en waard troch de Ried fan Steat yn it gelyk steld. Gjin lekkere rikke woarsten mear op De Knipe.

By de winkel oan de westkant wiene se moarns al bytiids dwaande om de emballaazje, de kratten mei lege flessen, troch de steech tusken de beide wenten nei de dyk te bringen. Maria waard wol gauris wekker fan it gerattel dat dat meibrocht en dus stapte se wer nei de rjochter. Dat gedoch mocht net earder as moarns acht oere, neffens de Ried fan Steat. En dat wie ek de tiid dat de winkel iepen gie, dus moast de winkelman dat tenei tusken de bedriuwen troch dwaan.

Foar Maria oer wie in buorkerij. Dêr kaam moarns betiid de molkwein om de molke op te heljen. As dy dan fan it hiem ôf ried nei de dyk, skynden de koplampen fan de auto yn de sliepkeamer fan Maria. Wer gie se nei de Ried fan Steate en de sjauffeur fan de molketank moast moarns mei parkearljochten oan de op dyk ride. Maria hie wat juridyske stappen oanbelanget in fin mear as in bears.

As nochtere Fries soe men sizze, wa’t in hûs tusken twa winkels yn keapet, kin witte dat der oerlêst wêze kin. Dat de Ried fan Steat dêr dan mei Maria yn meigie, wie foar de gewoane boarger min te begripen.

De jongerein fan De Knipe betocht dat jier in âldjiersstunt foar de jierwiksel. Se spanden in line foar it hûs mei dêroan fêst nepwoarsten makke fan âlde pantys. De âlden fan Maria, dy’t by har op besite wiene, namen fuort en daliks harren tsjinmaatregels. De túnslang kaam foar it ljocht en dêr bespuiten se de jonges mei. Dat eskalearre fansels en der foelen klappen.

Boarne: Kynhout, De Knipe

Midden yn ’e nacht kaam de ploech jongerein wer werom Se bekalken de ruten en skreaune der beledigjende teksten op. Dat waard slaande deilis tusken de bewenners en de jongerein. Redaktrise Henny Siebel fan de Ljouwerter krante skreau der in kleurryk ferslach oer. Maria hat de teksten wol in jier lang op de ruten sitte litten. Trije jonges fan de ploech krigen in boete fan 500 gûne.

Maria krige letter rjocht foar har hûs oer in ferkearsdrompel en dat brocht guon op it ludike idee om dêr in buordsje ‘Mariaheuvel’ by te setten.

Jangerben Mulder

Boarne: Kynhout, DeKnipe.

maaie 8, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.