It ferhaal fan Gert & Hermien

maaie 7, 2021 08:46

De Gert & Hermien Story lit de opkomst en ûndergong sjen fan ien fan de populêrste sjongduo’s út de Nederlânske skiednis: Gert & Hermien Timmerman. Harren karriêre hie grutte hichten en djippe delten. Dêrby waard harren persoanlik libben, dat tekene waard troch skandalen, hieltyd breed útmetten yn de rabbelblêden. Dochter Sandra is, mei in stikmannich yntimy en betrouwelingen fan Gert en Hermien, gids yn it ûnwierskynlike ferhaal fan har narsistyske, manipulative heit en besiele mem.

Foto: ©Henk Brusse/ Zeppers Film

Gert en Hermien feroverje yn de sechtiger jierren as sjongduo in miljoenepublyk. Hja trede as earste artysten op yn it Olympysk Stadion foar tûzenen fans en skoare begjin santiger jierren harren grutste hit mei ‘Alle duiven op de Dam’. It sukses easket syn tol. Gert en Hermien reitsje ferslave, earst oan alkohol, letter ek oan pillen. Nei bûten ta liket alles like moai, mar yn werklikheid is der by de Timmermans foaral sprake fan spanningen, echtlik geweld en berneferwaarleazing. As dat in siedpunt berikt, nimt Gert it inisjatyf om yn bekearing te gean. Harren âlde libben mei gouden platen, drank en drugs wurdt farwol sein. Yn in fleach fan godstsjinstwaansin ferbaant Gert by in nachtlik ritueel alle âlde foto’s en filmkes. Santjin jier lang tsjinje se de tsjerke en de Evangelyske Omrop. Mar dat hâldt ek in kear op. Underwilens wurdt oer alles wat Gert en Hermien dogge breedút yn de blêden skreaun.

Yn de njoggentiger jierren besiket it duo yn de skynwerpers werom te kommen. Hja trede op fersyk fan Benny Jolink op mei syn band Normaal, wat ta in definitive breuk mei de tsjerke laat. Mei harren dochters trede se op yn diskoteken mei in houseferzje fan ‘Alle duiven op de Dam’. Dat fan it leauwe net folle oer is, blykt wol as Gert en Hermien tastimming jouwe foar in fotoreportaazje fan dochters Sandra en Sheila yn de Playboy. De suksessen fan eartiids bliuwe lykwols út, en nei’t Hermien yn 1997 by in optreden troch in hertoanfal troffen wurdt, geane se as duo útinoar. Twa jier letter skiede se. En dan komt in drama oan it ljocht, dat ta in brek yn de húshâlding laat.

De Gert & Hermien Story fertelt oan ’e hân fan argyfmateriaal en fraachpetearen mei belutsenen it tragyske famyljeferhaal fan in artysteduo dat de roem en it sukses net drage koe.

Utstjoering: woansdei 9 juny, 20.30 oere, NPO 1
Rezjy: Hans Heijnen
Produsint: Zeppers Film, yn koproduksje mei de NTR

Foto: ©AVROTROS/ Zeppers Film

maaie 7, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.