Is Saans model ek wat foar Ljouwert?

maaie 4, 2021 11:40

De Ljouwerter PvdA-fraksje freget omtinken foar in plan om it wenningtekoart lytser te meitsjen troch yn goedkeape keapwenningen te foarsjen. De fraksje ferwiist nei in foarbyld yn Zaandam. Dat waard beskreaun yn de Volkskrant fan 24 maart 2021 yn artikel oer sosjale keapwenningen.

Yn opdracht fan de gemeente wurde sokke wenten boud troch in eigen gemeentlike BV. De gemeente kin troch in doelgroepeferoardering de huzen tawize oan minsken mei in leech middenynkomen en oan minsken dy’t in sosjale hierwenning efterlitte. Sa komme mear betelbere wenningen foar starters beskikber en komt de trochstreaming út de sosjale hiersektor wei better op gong. Mei in finansjeel model wurde de wenningen betelber makke en holden. De keaper kriget de wenning yn erfpacht. Nei tsien jier kin er de grûn keapje. Sa wurdt spekulearjen troch it keapjen en gau trochferkeapjen útsletten.

De PvdA-fraksje is fan betinken dat it model Zaanstad goed by de Wenfyzje fan it Ljouwerter kolleezje oanslút. Sa ûnstiet der mear publike (gemeentlike) rezjy. Troch skriftlike fragen wol de fraksje te witten komme wat it kolleezje fan B&W derfan tinkt.

maaie 4, 2021 11:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.