In laits yn ’e himel

maaie 16, 2021 09:31

Oertinking

Yn Iepenbiering 12 lêze wy in spannend ferhaal, dat stiif stiet fan ’e humor. Dat haadstik foarmet de kearn fan it hiele boek. Yn in nij fisjoen sjocht Johannes in frou dy’t in bern ferwachtet. Hy sjocht ek in fjoerreade draak mei sân koppen en tsien hoarnen. Sân en tsien binne getallen fan folheid: it kwea is dus totaal en massaal. De draak is read, hy wol bloed ferjitte! As demonstraasje fan syn alles ferneatigjende krêft, reaget er efkes in treddepart fan ’e stjerren fan ’e himel.

Wolno, dy draak, dat meunster slij nei bloed, stiet driigjend foar de frou oer. De frou is de mem, de belicheming fan nij libben; út har wurdt de takomst berne. Dat is in hiel ferskil mei de draak. Dy bernet net, dy ferslynt, fernielt en ferwoestet. De frou is de hillige Geast en tagelyk dat, wat út har berne wurdt: de skepping, Israel, Kristus en allegearre dy’t yn Him leauwe. It slagget de draak net om it bern te pakken. Dat wurdt hastich ophelle en nei God brocht.

It fisjoen lit sjen hoe’t de himel frijmakke wurdt fan it kwea. Mar ek hoe’t dat kwea op ierde foar master opslacht. De frou, de gemeente wurdt ferfolge, mar dûkt ûnder yn de woestyn. De draak spuit har rivieren wetter efternei. Troch it wetter te ferswolgjen, helpt de ierde, ek in bern fan ’e frou, de leauwigen. De draak is poerlulk en makket oarloch mei elk dy’t oan God en Jezus fêsthâlde wol.

It kwea yn ’e wrâld is grut! Mar machtiger as dat kwea is it leauwe yn God. Dat leauwe wit fan in laits yn ’e himel, omdat it goede hieltiten wer as troch in wûnder ûntkomt oan ’e klauwen fan it kwea.

Soe it net in segen wêze as wy de humor dêrfan ynseagen en dy meifiele koene?

Lêze: Iepenbiering 12

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 16, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.