Huzekrapte en it Frysk yn it ûnderwiis

maaie 6, 2021 07:31

Skôging

troch Tom Dykstra

‘Het kan verkeren’, om it mei Bredero te sizzen: de provinsje Fryslân blykt sûnt koart in oantreklike wenprovinsje te wêzen foar minsken út de Rânestêd. Oant foar koart noch in fier, noardlik en kâld part fan Nederlân, no is it ynienen oantreklik om de rêst, de romte en it lânskip. As gefolch dêrfan binne by ús de huzeprizen ek omheechsketten en krije starters it dreech om yn it eigen heitelân in wenning te krijen.

De noardlike provinsjebestjoeren besykje fan de wenningneed yn it westen in deugd te meitsjen troch yn ruil foar de oanlis fan de Lely-line sa’n 140.000 wenningen bouwe te wollen foar (benammen) de minsken út de Rânestêd. In Deltaplan om sa moai befolkingskrimp yn eigen regio tsjin te gean en tagelyk mei it nije spoar wurkgelegenheid en wolfeart te bringen. Wolfeart en wolwêzen lykwols foar wa? Yn it rychje skaaimerken fan twatalich Fryslân – rêst, romte en lânskip – wurdt it Frysk, de taal ‘het instrument waardoor ik ademhaal’ (Ed Hoornik) net neamd. Lestich?

Yn Deltaplan, het bredere verhaal (FD, 26 april 2021) jout direkteur-bestjoerder Ingrid van de Vegte fan it Frysk Sosjaal Planburo in tal minnen en plussen by de plannen. Troch nije ynwenners kinne ferieningen, de sosjale gearhing, der baat by hawwe, mar likegoed kin de Fryske kultuer neffens har troch grutte groepen sûnder bining ek marzjinalisearre wurde. Net eltse nijkommer is ree om ferantwurdlikens te dragen foar it Frysk. It gauris brûkt argumint fan ‘Wij leven hier in Nederland’ is dan deadlik en wrot de taal yn eigen taalgebiet út it iepenbiere libben. Net foar neat dat Van de Vegte pleitet foar in breder ferhaal as allinne de woarst fan wentebou om dochs mar dy spoarlinen binnen te heljen.

Foar in libbene (taal)kultuer is it brûken fan en ûnderwiis yn de eigen taal fan libbensbelang. Soks jildt foar it Frysk likegoed as foar oare talen. No jout it Rapport Taalplan Frysk út 2018 in ûntheisterjend byld fan it plak fan it Frysk yn de skoallen nettsjinsteande de ferplichting dêrta yn basis- (1980) en fuortset (1993) ûnderwiis. It wurdt oerlitten oan de ‘ambysje’ fan bestjoer en personiel. Boppedat giet it provinsjaal ûntheffingsbelied út fan de trochsneed behearsking fan it Frysk yn de (skoal)omjouwing as kritearium by it fêststellen fan hokfoar ferplichte (!) kearndoelen oft de skoalle skrasse mei. Dat betsjut in legitimaasje fan in situaasje dat de measte bern – Frysk- en oarstalich – gjin kwalitatyf ûnderwiis yn taal en skiednis fan de Fryske mienskip krije kinne. Sa’n belied soe foar it Hollânsk op fleanen lykje.

Yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 fan ryksoerheid en provinsje Fryslân is fêstlein dat fan skoallen yn it Fryske taalgebiet yn 2030 ferwachte wurdt dat se net mear ûntheffing foar it fak Fryske hawwe. It ymplemintaasbelied is lykwols frijbliuwend. Op essinsjele punten is foar de twadde rykstaal neat regele, wylst dat wól it gefal is foar it Nederlânsk:

  1. It Frysk is gjin funksje-eask yn it Fryske ûnderwiis. Guon skoallen jouwe gjin of amper Frysk omdat de learkrêften net Fryskfeardich binne.
  2. De ynspeksje sjocht nét ta op de jierlikse resultaten by it ûnderwiis yn it Frysk, wylst de prestaasjes by in fak as ‘Nederlandse taal’ krekt de trochslach jouwe om foar te kommen dat de skoalle it predikaat ‘min ûnderwiis’ opspjelde kriget.

Foto © FFU

Yn kombinaasje mei de histoaryske efterstelling fan ús taal wurket dit diskriminearjend belied negatyf. De gefolgen binne hjoed-de-dei dan ek merkber by de Frysktalige bern, dy’t op hieltyd jongere leeftyd mei it Hollânsk konfronteare wurde sûnder systematysk omtinken foar de eigen taalûntjouwing. Fan in lykwichtige meartalige taalûntwikkeling is sa gjin sprake. It wurdt heech tiid dat foar it Fryske taalgebiet regels opsteld wurde foar dy funksje-eask en it tafersjoch.

De Fryske mienskip kin net it ferwyt makke wurde net iepen te stean foar de problemen earne oars. Yn it ramt fan de betinking 75 jier nei WO II is der rom omtinken foar it opnimmen fan Joadske ‘smokkelbern’, hongerevakuees út Rotterdam en oarlochsevakuees út Arnhim en Limboarch yn Fryslân. Fryslân is in part fan Nederlân, mar dat is gjin frijbrief foar Hollânsktaligen – as hja hjir wenje wolle – om gjin Frysk te learen of om te easkjen dat harren bern frijsteld wurde fan ûnderwiis yn it Frysk. Harren komst mei gjin assimilaasje, gjin ferhollânsking fan de Fryske mienskip ynhâlde. Yn in wier demokratyske rjochtsoarder is it krekt oarsom. Frijheid is net allinne frijheid fan mieningsutering, mar ek frijheid as taalmienskip de eigen taal te brûken mei it rjocht op ûnderwiis yn it eigen taal‑ en kultuerbesit. Soks freget respekt en partisipaasje fan nijkommers.

It koartlyn wegerjen fan De Haach om yn Fryslân by ynboargeringskursussen fan statushâlders plak foar Frysk yn te romjen is dan ek in foarbyld fan negative diskriminaasje. Nijkommers binne wolkom yn ús iepen mienskip, mar dat betsjut wol dat rekken holden wurdt mei de ‘aard’ (ek de taal) en de ‘skaal’ ( romte/lânskip) fan dit gebiet. Wy freegje ús dan ek ôf oft deputearre Fokkens (huzebou) wol foldwaande oerlis hân hat mei kollega-deputearre Poepjes oer de kulturele gefolgen fan in mooglik grutte ynstream fan oarstaligen mei it each op de doelstelling dat skoallen yn 2030 gjin ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk mear nedich binne.

Van de Vegte hat gelyk dat der ferlet is fan in breder en fûneminteler ferhaal as Fryslân te (mis)brûken as opheinsintrum fan en foar de Rânestêd. It kin dochs net sa wêze dat it Frysk fierder ûnder druk komt te stean, omdat de huzeprizen dêr sa heech binne?

drs. Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis
maaie 6, 2021 07:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim maaie 6, 10:23

    Op de basisskoalle sjogge jo soms dat der in ôfbylding fan eat hinget mei it byhearrende wurd yn it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk derûnder. Wêrom hingje de kantines en gongen fan it fuortset en beropsûnderwiis hjir net mei fol? Dan leare de bern wat yn de pauzes en de tusken oeren en by it wachtsjen op de learaar by it lokaal. As se faak genôch lêze dat bygelyks lyts wurdt skreaun mei in y en net mei ie, sille se dat grif leare. Sterker noch: inkeld in poster mei eat oer it s/v, v/f of -g-klank/-ch ferhaal smyt nei alle gedachten al eat op (in bytsje fansels).
    Hingje ‘wer’ en ‘wêr’ neist elkoar en se leare it ferskil hooplik ek. It fak Frysk wurdt dan mooglik ek makliker wêrtroch mear studinten kieze nei it earste jier troch te gean mei it fak. Eat dat ek resultearje kin yn mear minsken dy’t kieze foar de dosintenoplieding of it Frysk foech op de pabû, want se binne ommers al aardich betûft yn de taal. Mbû’s en hbû’s ha net safolle oan al dy Fryske wurden yn harren gebouwen dus dy moatte it mar oplein kreie. Fansels is it perfoarst GJIN FERFANGING fan normaal Frysk ûnderwiis, mar it is better as neat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.