Henk Wolf: Is de polityk mei rjocht en reden tefreden oer de lessen Frysk?

maaie 13, 2021 13:56

Kollum

Stel dat bliken docht dat in mearderheid fan de skoallen wiskunde net oanbiedt op it nivo dat de wet foarskriuwt. Stel dat de provinsje dan de doelen foar it fak mar ferleget. En dat dan bliken docht dat de mearderheid fan dy skoallen dy legere doelen ek net hellet. En dat der dan in stimulearringsplan komt om it fak wiskunde te ferbetterjen. En dat nei fiif jier bliken docht dat der op de measte skoallen neat feroare is.

Stel dat dat sa wêze soe, ha jo dan reden om tefreden te wêzen?

It is it gefal, allinne net foar it fak wiskunde, mar foar dat iene skoalfak dêr’t de ferantwurdlikheid fan by de provinsje leit – min ofte mear, alteast. Oan 2005 ta wienen de doelen foar dat fak op ‘e basisskoalle gelyk oan dy foar Nederlânsk. Yn dat jier waarden de doelen foar alle fakken oanpast en ynienen wienen de easken foar it Frysk in stik leger. Dy doelen waarden lykwols ek net helle, sa die yn 2010 en 2016 by grutskalige ûndersiken bliken.

Doe kaam it provinsjale Taalplan Frysk. It wie al dreech om de ynspeksje dêryn mei te krijen, want dy woe yn earste ynstânsje net hanthavenje as skoallen te min dienen. It doel wie dat skoallen dy’t no noch net oan de (lege) doelen fan 2005 foldogge, oan 2030 ta de tiid krigen om stapke foar stapke nei it fereaske nivo ta te groeien.

Okkerdeis is it fak Frysk op 21 skoallen ûndersocht. 11 skoallen dy’t it al goed dienen, dogge it noch goed: dy helje alle doelen. Fjouwer skoallen dy’t de doelen yn 2016 net hellen, binne op itselde nivo bleaun. Fjouwer dogge it better as yn 2016 en twa dogge it minder.

Dat wol sizze dat fan de tsien skoallen út it ûndersyk dy’t net oan it nivo foldienen, netto twa foarútgongen binnne.

As men no efkes ferjit dat it om Frysk giet: soe men dat foar lykfolwatfoar skoalfak as reden foar tefredenheid sjen?

maaie 13, 2021 13:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga maaie 17, 19:39

    It ûndersyk jout net oan dat de bern op dy goede skoallen no allegearre Frysk lêze en skriuwe kinne. Ik meitsje my noch altiten soargen dat it mar in bytsje Frysk is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.