Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Wat is it Frysk eins in grutte taal

maaie 20, 2021 19:38
Henk Wolf

Kollum

No’t ik foar en mei it Sealterfrysk oan it wurk bin, wurd ik hast alle dagen wol belle troch Sealterfriezen dy’t benijd binne wa’t ik bin. Se taaste efkes ôf oft ik se wol ferstean kin of batse deryn, as in soartemint test. Bûtenlanners dy’t Sealtersk prate is sûnt Marron Fort en Pyt Kramer in ferskynsel dat se wol kinne, mar it bliuwt doch wat apart.

It Sealterlân is lyts: fjouwer of fiif doarpkes, mar krekt hoe’tst telst. Dan is der noch in hantsjefol aktive Sealterskpraters om utens, mar alle sprekkers kinne inoar. Krijst yn alle petearen wol ferhalen oer oare Sealterfriezen mei, de iene kear loovjend, de oare kear wat minder. Dat se inoar allegear kinne, hâldt de taal ek oerein: it is de taal fan in echte mienskip, letterlik, fan minsken dy’t inoar kinne omdat se inoars buorlju binne.

Dan tink ik: wat is it Westerlauwerske Frysk – dat fan de provinsje Fryslân dus – eins in grutte taal. It komt der net yn ‘e buert dat alle sprekkers inoar kinne. Ja, fansels, mei it fêste “Wêr komst wei en fan wa bist ien?” besykje de minsken yn Fryslân fansels om inoar te plak te bringen. En men hoecht faak net sa lang te sykjen foardat de earste mienskiplike kunde of famylje opdûkt, mar dat is doch wat oars as it direkte ûnderlinge kontakt fan de Sealterskpraters.

Ik fernim wol dat de Sealterfriezen justjes minder skruten binne as de Noardfriezen om minsken yn har eigen taal oan te sprekken. Yn Noard-Fryslân bestiet doch faak it (neffens my net korrekte) idee dat it Frysk foar Dútsktaligen – en sels foar sprekkers fan oare Noardfryske dialekten – ûnbegryplik wêze soe. Dat komt miskien trochdat Noard-Fryslân doch aardich grutter is. Yn it Sealterlân haw ik al in pear kear meimakke dat minsken mei sin yn it Sealterfrysk begûnen. Ast it prate kinst, meist by de klup. Ferskate Sealterfriezen seinen ek: “Ik praat gewoan Frysk tsjin dy, ast it net begrypst, moatst it mar sizze, mar ik begjin net yn it Dútsk, want dan learst it noait en dan prate wy aansen allinne mar Dútsk mear.” Dat is in hâlding dy’t my bekend foarkomt en dêr’t ik wol oer mei.

maaie 20, 2021 19:38
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Cor Jousma maaie 27, 11:51

    Bêst Henk,

    Yn ‘e moanne neamdesto it Grinzersk in dialekt fan it Aldfrysk. Soesto dêr ris in stikje oer skriuwe kinne?

  2. Henk Wolf maaie 27, 12:41

    Ik tink datst my dan ferkeard begrepen hast, Cor. It Grinzersk is fansels gjin dialekt fan it Frysk, lit stean fan it Aldfrysk. Ik kin der sa ek neat oer fine yn myn resinte stikken foar De moanne. Watfoar passaazje bedoelsto?

  3. Cor Jousma maaie 27, 12:57

    Yn de lêste Moanne makkesto de opmerking dat krekt as it Frysk om de Iems hinne it Grinzersk ûntstien wêze soe út it eardere Frysk.

  4. Henk Wolf maaie 27, 17:07

    Ik tink datst dit stik út de foarlêste Moanne ferkeard ynterpretearre hast, Cor:

    “It Sealterfrysk is krekt as ús Frysk ûntstien út it midsiuwske Aldfrysk, mar dan út it dialekt dat yn Grinslân en de (no Dútske) streek East-Fryslân praat waard. Guon fan de ferskillen tusken ús Frysk en it Sealterfrysk binne dan ek al mear as tûzen jier lyn ûntstien.”

    Dat giet net oer it Grinslânsk. Wat ik dêr sis, is dat it Sealterfrysk de lêste foarm is fan it Easterlauwerske Aldfrysk. Dat waard praat yn Grinslân en East-Fryslân.

    Us Frysk is ûntstien út it Westerlauwerske Aldfrysk.

    Oer it Grinslânsk, yn de sin fan de Nedersaksyske dialektgroep dy’t no yn Grinslân praat wurdt, haw ik it net hân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.