Henk Dijkstra – ‘200 jaar Friese landbouwmechanisatie’

maaie 30, 2021 08:55

Ofrûne wike is by útjouwerij Noordboek in monumintaal boekwurk fan Henk Dijkstra ferskynd oer de skiednis fan 200 jier Fryske lânboumeganisaasje.

Boarne: Utjouwerij Noordboek

Yn ’e ôfrûne twa iuwen feroare de wize sa’t yn Fryslân buorke waard yngripend. Om 1800 hinne wurke de boer noch benammen mei de hân, holpen troch in hynder. In iuw letter naam de trekker de rol fan it hynder oer en folge op meganisaasjemêd de iene revolúsjonêre ûntwikkeling nei de oare. Yn Fryslân begûnen yn de jierren krekt foar en nei de Twadde Wrâldoarloch ynnovative doarpssmidden en útfiners mei de ymport, ferkeap en bou fan lânboureau. In tal fan harren groeide út ta suksesfolle fabrikanten en hannelers en waarden ynternasjonale spilers mei in ikoanyske status. Foarbylden binne de read-giele lânbouweinen fan Miedema, de blauwe heaskodder fan Eureka, de meanbalke fan Schukken en de jarrepomp fan Hermes. Fryslân levere ek wrâldprimeurs, lykas de melkrobot út Oentsjerk en de snarebêdpoatmasine en ierappellôflûker fan útfiner Abe Gerlsma.

Yn dit tige ryk yllustrearre standertwurk beskriuwt Henk Dijkstra de histoarje fan de lânboumeganisaasje yn Fryslân, mei útstapkes nei nasjonale en ynternasjonale ûntjouwingen. Oan ’e ein fan it boek wurdt wiidweidich de skiednis fan de 25 wichtichste Fryske fabrikanten fan lânboumasines beskreaun.

Henk Dijkstra (Gytsjerk, 1959) is direkteur fan it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert.

ISBN 978 90 5615 643 5 | bûn, grut formaat | ryk yllustrearre | 448 siden | € 49,90

200 jaar Friese landbouwmechanisatie is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

maaie 30, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.