Heechste punt sirkulêre betsjinningssintrale berikt

maaie 13, 2021 13:17

Swettehûs. Foto © Provinsje Fryslân

De top fan It Swettehûs oan de westkant fan Ljouwert is berikt. Op it dak fan de nije betsjinningssintrale waard justermiddei troch boufakkers en brêgewachters de flagge útstutsen. Op de balustrade ûnder harren song Piter Wilkens tapaslik syn Brêgewippershanty. Ein dit jier kinne de brêgewachters dêrút wei harren wurk dwaan. Dan stiet der in nij gebou dat foar fjirtich persint makke is fan brûkte materialen dêr’t alderhande duorsume ynnovaasjes by tapast binne.

Neist it gebou komt in haven mei los- en oanliskaai foar wurkskippen. De kaai wurdt makke fan brûkte daamwanden út it Van Harinxmakanaal. Op de daamwanden komme liedingen dy’t termyske enerzjy út de grûn en it oerflaktewetter helje foar ferwaarming en kuolling fan it gebou. Dy foarm fan aquatermy troch enerzjydaamwanden is in primeur foar Fryslân.

Op it stuit betsjinje de brêgewippers 17 brêgen út de tydlike betsjinningssintrale neist de boulokaasje wei. Yn de takomst sille dat der út it nije gebou wei hast 40 wêze. Gebou en terrein dogge aanst ek tsjinst as útfalsbasis foar provinsjale meiwurkers fan (far)weibehear, nautyske saken en de technyske tsjinst foar ûnderhâld fan brêgen en slûzen.

maaie 13, 2021 13:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.