Grutte noed yn Japanske stêd Osaka om tanimmend tal ynfeksjes

maaie 25, 2021 08:52

Dokters yn de Japanske stêd Osaka slaan alarm oer it rap tanimmende tal minsken dat yn it sikehûs opnommen wurde moat. It soarchsysteem yn ien fan de grutste stêden yn Japan driget neffens harren yn te stoarten. De medisy advisearje de autoriteiten om de Olympyske Spullen fan ’t simmer te skrassen.

Foto: pixabay.com

Neffens de direkteur fan it Kindai University Hospital yn de stêd komt it fiks tanimmen fan it tal pasjinten troch de Britske fariant fan de koroanagoarre en trochdat minsken har folle minder goed oan de koroanamaatregels hâlde.

Yn de Japanske haadstêd Tokio en Osaka is moandei wol úteinset mei in grut faksinaasjeprogramma, mei help fan it leger. Oant hjoed is noch mar 1,9 persint fan de Japanners folslein tsjin de koroanafirus yninte. Oant no ta is allinnich it Pfizer-faksin brûkt, mar sûnt ferline wike binne ek dy fan Moderna en AstraZeneca goedkard.

It doel is om de kommende trije moanne alle dagen 10.000 minsken yn te intsjen yn Tokio, en nochris 5000 yn Osaka. Dat bart yn ferskate grutte faksinaasjesintra. De autoriteiten hoopje dat ein july, foar of mei it begjin fan de Olympyske Spullen, alle 36 miljoen Japanners fan boppe de 65 jier folslein yninte binne.

maaie 25, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.