Grutte brân set Ljouwert yn de reek

maaie 13, 2021 14:29

Yn in papieropslach yn Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in grutte brân west. Fanwege de reekûntwikkeling is in NL-Alert ferstjoerd. De stankoerlêst wie yn in grut part fan de stêd te fernimmen.

De brân wie yn in loads fan fan fyftich by hûndert meter fan Omrin oan de Greunswei. Brânwachtploegen út de hiele provinsje binne nei Ljouwert kaam om it fjoer te bestriden. Flak nei middernacht hat de brânwacht mei in kraan de loads foar in part iepen makke. Dêrtroch wie de brân better te berikken.

Der is net ien ferwûne rekke by it útbrekken fan de brân. De bewekker dy’t oanwêzich wie, koe op ‘e tiid fuortkomme. Minsken yn in part fan Ljouwert krigen it advys om net nei bûten te gean, ruten en doarren te sluten en de fentilaasje út te dwaan.

Om likernôch seis oere tongersdeitemoarn joech de brânwacht it sein ‘brân master’. Dêrnei wie de NL-Alert ek net mear fan krêft. It neiblussen sil noch wol in skoft duorje, jout de brânwacht oan. Fan it gebou is net in soad oerbleaun.

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 13, 2021 14:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.