Grinzer Museum startklear mei knallende eksposysjes

maaie 18, 2021 09:48

It Grinzer Museum is spitigernôch noch ticht, mar stiet yn ’e startblokken mei nije eksposysjes. Sa gau’t it museum wer iepen mei is fuortdaliks de start fan de earste Bernebiënnale fan Nederlân: in ynteraktive eksposysje mei wurk fan ynternasjonale keunstners dêr’t bern aktyf by behelle binne. Letter dit jier presintearret it museum JR: Chronicles: it earst museale oersjoch fan de Frânske keunstner JR.

Foto: Grinzer Museum

Alida Pott – fan 26 maaie 2021 ôf
Ferfine akwarellen, libbene lânskippen en bysûndere portretten. De Grinzer keunstneresse Alida Pott (1888-1931) wie ien fan de meast talintearre keunstners fan De Ploeg. Hja wie ek it earste ‘dameslid’ fan de Grinzer keunstnersferiening. Hja liet in betreklik lyts oeuvre nei, besteande út oaljeferveskilderijen, akwarellen, tekeningen en kollaazjes. De eksposysje Alida Pott lit yn tritich wurken har ekspressiviteit en eigensinnichheid sjen, dy’t sa skaaimerkend foar har styl binne.

De Bernebiënnale – fan 2 juny 2021 ôf
De Bernebiënnale is in grutte ynteraktive keunstútstalling troch bern, foar elkenien. Elts keunstwurk dat by De Bernebiënnale te sjen is, daget út ta ynteraksje, partisipaasje en kreaasje. Der is wurk te sjen fan ynternasjonale en Grinzer keunstners. Troch te dwaan, ûntdekken, meitsjen en ferwûnderjen wurde besikers op in ôfwikseljende manier aktivearre. Dat kin troch mei te ‘bouwen’ oan in hieltyd feroarjend wurk, by te dragen oan in digitale presintaasje of fysyk te bewegen yn in ynstallaasje. It trajekt fan de berne-ambassadeurs is ek te folgjen op de webside en fia Instagram #kinderbiennalegm.

The Show Must Go On – fan 18 juny 2021 ôf
In ferrassende ûntdekkingstocht by skilderijen, grafyk en fotografy lâns út de eigen kolleksje fan it museum, dêr’t âlde en nije keunstwurken boartlik by mei-inoar kombinearre wurde. Barokke portretten fan de achttjinde-iuwske Grinzer famylje Sichterman njonken hjoeddeiske moadeportretten troch Inez van Lamsweerde. Printen fan H.N. Werkman njonken grafyk fan Andy Warhol. In santjinde-iuwsk stillibben, in romantysk lânskip fan Barend Cornelis Koekkoek, mar ek spraakmeitsjende wurken fan hjoeddeiske keunstners as Jeff Koons, Adres Serrano en Erwin Olaf. Koartsein, in seleksje út de Grinzer Museum-kolleksje sa’t dy noch net earder sjoen is.

JR: Chronicles – fan 13 novimber 2021 ôf
JR: Chronicles is de earste grutte museale útstalling fan it wurk fan de Frânske keunstner. Yn de eksposysje gearstald troch it Brooklyn Museum yn New York, binne muorreskilderingen, films en foaral in protte foto’s te sjen. It is in oersjoch fan syn karriêre oant no ta: fan graffitywurk as tsiener yn Parys oant grutskalige yntervinsjes yn stêden oer de hiele wrâld en resinte digitale muorrekollaazjes mei portretten fan in ferskaat publyk. It Grinzer Museum wurket mei JR: Chronicles gear mei graffity- en strjitkeunstners út de regio. En in part fan de grutte graffitykolleksje fan it Grinzer Museum wurdt toand.

maaie 18, 2021 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.