Golfalvestêdetocht op 4, 5 en 6 juny
Resint ferskynd
De Golfalvestêdetocht is in trijedeisk golfevenemint dat him op 4, 5 en 6 juny ôfspilet op alve Fryske golfbanen. It is in golfmaraton yn ’e geast fan de romrofte reedrydtocht. By de earste edysje fan de Golfalvestêdetocht spilet ien spiler, Auke Hempenius, alle alve banen en alle 155 holes foar it goede doel, yn ‘mar’ ien wykein. Op elk fan de alve dielnimmende golfbanen wurde aktiviteiten en foarwedstriden oangeande de tocht organisearre.
Fryslân telt alve golfbanen. Krekt as de alve stêden fan Fryslân, elk mei harren eigen karakter en sinjatuer. Fan de histoaryske grandeur fan in boskbaan op Lauswolt oant de klassike linkskoers op It Amelân, fan komplekse 18 holes kampioenskipskoersen nei hjoeddeisk pitch & putt. 155 holes natuerskjintme en golftechnyske útdagingen.
Auke Hempenius kaam by de swimalvestêdetocht, dy’t Maarten van der Weijden folbrocht, op it idee. De Golf11stêdetocht wurdt spile foar de winst fan golf, Fryslân en syn prachtige golfbanen. En in hiel goed doel: it Foppefûns. It Foppefûns tanket syn namme oan Foppe de Haan en om it mei syn wurden te sizzen: “As bern wol men fansels sporte. Soms is it hast ûnmooglik en dan helpe wy. Wy meitsje it ûnmooglike mooglik!”
Op freedtemoarn 4 juny 2021 om alve minuten oer fiven begjint Auke Hempenius oan de earste edysje fan in mooglik jierliks weromkommend evenemint. Op sneintemiddei 6 juny einiget de tocht op Golfklup de Griene Stjer. Dêrnei wurdt bekendmakke hoe grut oft de sjek foar it Foppefûns wêze sil. Op de Facebookside fan de Golfalvestêdetocht sil dy trije dagen de tocht te folgjen wêze mei in protte streekrjochte sfearbylden. It sil heve!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje