Goed iten út in ryk en fruchtber lânskip

maaie 20, 2021 09:11

Gerke Jilt Veenstra yn Damwâld kriget op syn eigen hiem de aginda út hannen fan Deputearre Klaas Fokkinga. Foto Provinsje Fryslân

Boeren moatte in stik bûter yn ’e brij fertsjinje kinne en jonge ûndernimmers moatte kânsen sjen om in boerebedriuw te begjinnen. It kolleezje fan Deputearre stelde op tiisdei 18 maaie 2021 de Lânbouaginda 2021 – 2030 fêst. Yn septimber 2021 nimt Provinsjale Steaten in beslút oer de Lânbouaginda. De Provinsje hat benammen in rol as oanjeier en ferbynt de mienskip mei it plattelân. 

By it opstellen wie in grutte groep belangstellende minsken behelle dy’t dêr ek belang by hawwe. De aginga moat de kommende jierren foar in natuerynklusive en sirkulêre lânbou soargje dy’t it bioferskaat werombringt en dy’t in maatskiplik draachflak hat.

Lânbou draacht by oan in brede wolfeart. Fan de wurkjende Friezen docht tsien persint dat yn de lânbou en it oandiel dêrfan yn de Fryske eksportwearde is mear as 38 persint. Om it mienskiplik doel, goed iten út in ryk en fruchtber lânskip, te berikken is it aksjeplan foar de oankommende njoggen jier opsteld.

Deputearre Klaas Fokkinga: “Dit is in mylpeal foar ús mienskip. We hawwe de lândbouaginda mei in grutte groep fan fertsjintwurdigers út it fjild opsteld. Der binne aksjepunten opsteld dy’t we mei-inoar útfiere sille. Sa stribje we nei in better ekonomysk perspektyf foar de mienskip en foar ús boeren. De boer moat in goed stik brea fertsjinje mar ek ynvestearje kinne yn dizze feroaring. Kinst ommers net grien dwaan ast read stiest.”

 

maaie 20, 2021 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.