Goed 60.000 eks-koroanapasjinten yn behanneling by fysioterapeut

maaie 16, 2021 08:51 Fernijd

Foto: pixabay.com

Oant no ta stean 60.000 oant 75.000 Nederlanners mei langer duorjende koroanaklachten ûnder behanneling fan in fysioterapeut. It tal is sûnt begjin dit jier mear as ferdûbele, berjochtet it AD. Neffens de krante docht dat bliken út in berekkening op basis fan gegevens út de Lanlike Databank Fysioterapy. Ein ferline jier krigen neffens rûzing 28.000 eks-koroanapasjinten help fan in fysioterapeut.

Beropsferiening KNGF is ferstuivere oer de sifers. In behanneling duorret yn trochsneed tachtich dagen, mar in behannelperioade fan inkelde hûnderten dagen is gjin útsûndering, seit it KNGF tsjin de krante. De klachten rinne útinoar fan problemen mei it sykheljen, wurgens en ferlies fan spiermassa oant psychyske problemen of in kombinaasje dêrfan.

maaie 16, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.