Gods wurd moat yn in dûmny baarne en broeie

maaie 2, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Ear’t ik oan myn lêste gemeente (Dokkum) begûn, ha ik djip neitocht oer wat in gemeente en in dûmny yn dizze tiid wêze moatte. Jeremia hat my holpen om op dy fragen in antwurd te finen. De delslach fan myn besinning is te finen yn fiif preken oer Jeremia. Se steane yn ’e bondel Der binne goede machten om ús hinne (2001). De earste fjouwer preken haw ik yn Oentsjerk holden en de fiifde is de yntreepreek op 6 febrewaris 2000 te Dokkum. De earsten binne in soarte fan foarstúdzje foar de lêste.

As dûmny sit men oanienwei te wrakseljen mei wat God fan jin freget en wat minsken fan jin ferwachtsje. De lêsten binne bytiden sa egoïstysk yn har easken, dat men, troch deroan ta te jaan, it gefaar rint om God teloar te stellen. Dat lêste wie altyd myn grutte eangst.

Jeremia fertelt ús dat Gods wurd him yn it hert broeit en oant yn ’e bonken baarnt. Hy wol dat fjoer dwêste, mar it slagget him net. Hy belibbet it profeet wêzen as in ûndraachlike lêst.

It groeien fan in preek is in wûnderlik proses. Fan moandei oant tongersdei seach ik der faak gjin ljocht yn en wie ik de wanhoop nei-oan. Allegearre bylden en ideeën dy’t omheech brûzje en siede. Dat giet de hiele wike troch: ûnder de stúdzje, op ’e fyts, ûnder iten, yn ’e tún en sels nachts, benammen fan tongersdei op freed.
En… alle freedtemoarnen om tolve oere lei der wer in preek.
Altyd dy wûnderlike ûnderfining dat guon wurden en ideeën in geskink fan God wiene. Lykas by Jeremia: “Sa faak der wurden fan Jo kamen, haw ik dy yndronken” (Jeremia 15:16). Freedtemoarns om tolve oere wie ik dêrom yn- en yngelokkich. Mei Chagall sei ik dan: “Myn God, foar dat oare ljocht, tige tank.”

De gebeden fan Jeremia befetsje in grutte bemoediging om it ‘mûle fan-God’-wêzen fol te hâlden.
Sille wy foar dûmnys bidde dat Gods wurd yn har hert is as baarnend fjoer? (Jeremia 20:9).

Lêze: Jeremia 15:10-18

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

maaie 2, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.