Gebietsûntwikkeling hâldt rekken mei libellesoarten

maaie 4, 2021 09:01

Wurk oan fytspaad by De Lende lâns leit tydlik stil

Foto © Provinsje Fryslân

De rekonstruksje fan it fytspaad by de beek De Lende lâns leit tydlik stil. Dat hâldt ferbân mei it beskermjen fan kwetsbere libellesoarten dy’t dêr libje. Foar de fuortplanting binne dy ôfhinklik fan de wetterplanten yn de beek. Dêr sette se de aaikes ôf.

Sûnt begjin april ferfiert de oannimmer de boustoffen en grûn mei wurkboaten oer De Lende, omdat it oer lân net slagge. No blykt dat de wetterplanten dêr te folle fan te lijen hawwe. Dêrom is it wurk stillein. It is noch net te sizzen wannear’t it wer fuortset wurde kin. It paad sil dêrtroch net earder as oan ’e ein fan it jier wer yn gebrûk nommen wurde kinne.

It asfaltpaad wurdt feroare yn in breder betonnen fytspaad. Op trije plakken wurde âlde meanders útgroeven. It paad folget dan dy lussen troch it natuergebiet by de Roardapolder. It karwei is ûnderdiel fan de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde, in projekt yn opdracht fan provinsje Fryslân en yn gearwurking mei de gemeenten East- en Weststellingwerf, It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Wetterskip Fryslân, LTO Noard en de feriening fan lytse doarpen.

maaie 4, 2021 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.